De Tocht
Resint ferskynd

Foto Matthijs Verkuijl
Ofrûne snein, 26 maart, wie der in aksje foar in goed doel, nammentlik foar de stichting Spieren foar Spieren. Dy waard holden yn Ljouwert, yn de Alvestêdehal foar reedriders. Dat alles yn it ramt fan de musical De Tocht, dy’t fan mids septimber 2023 oant april 2024 spile wurde sil yn it nij boude Frisoteäter oan it Van Harinxmakanaal.
No is de kâns op in nije Alvestêdetocht tige lyts en dy as alternatyf te hâlden op de Weissensee of oare plakken, dat slagget ek net altyd. Dat brocht my op earste Redensmuseum yn Hylpen. It is de muoite wurdich om dêr ris te sjen en de wille fan it reedriden nei en mei te belibjen.
Op himsels is Hylpen, dêr oan de Iselmar, in bjusterbaarlik moai stedsje mei alderhande keunst- en wettersportaktiviteiten, in eigen taal en eigen klaaiïng. Midden yn de stêd leit it museum oan it wetter, mei in noflik terras dêr’t benammen by moai waar bêst te sitten is. It is in famyljebedriuw dat yn 1983 offisjeel iepene waard en ûnderwilens in oantal ferbouwingen en útwreidingen efter de rêch hat.
Yn it museum binne fjouwer fêste eksposysjes. Dy oer ‘Oranjes op it iis’ is der ien fan. Dy giet fansels oer de tocht yn 1986 dy’t ús, doe noch, prins Willem-Alexander ûnder de namme W.A. van Buuren útried. Mar der is ek fan alles te besjen oer de echte Fryske tradysjes fan 1800 ôf mei de koartebaanwedstriden.

Foto Matthijs Verkuijl
Fierder is der fansels in soad ynformaasje en binne der foto’s oer ferskate Alvestêdetochten dy’t yn ’e rin fan de tiid holden binne, mei út soarte de lêste, yn 1997. Dêr binne ek foto’s fan ferneamde reedriders lykas Jeen van den Berg en Atje Keulen-Deelstra by, mar ek foto’s fan in protte anonime riders. Dêrnjonken binne der withoefolle redens en in pear wurkpleatsen lykas in smidderij en ien foar houtbewurking.
It museum hat tsjintwurdich in winkel en hoarekaôfdieling mei in menukaart, de Fryske trochrinner.
In museum mei soad ynformaasje oer reedriden dat sa yn ús provinsje libbet, benammen as de temperatuer ûnder de nul komt en men net allinnich op riden yn hallen oanwiisd is.
Adres: Kleine Weide 1-3, Hylpen
https://schaatsmuseum.nl/bezoekersinfo/
Matthijs Verkuijl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje