De skoalle eartiids (ferhaal)
Resint ferskynd

Klear om nei skoalle. Yllustraasje Onderwijsmuseum Dordrecht
De skoaltiid fan de bern, begjin 1900, seach der al oars út as yn de tsjintwurdige tiid. Yn guon plakken yn Fryslân waarden de bern, foardat se nei skoalle giene, nij yn ’e klean stutsen. Dat gie hiel maklik. Der waard bygelyks in âlde broek op in lape lein en dan derom hinne knipt. Se holden rekken mei de groei, dat it krús kaam leech. Dan moat men jin foarstelle: in lyts mantsje fan seis jier mei op de holle in petsje, in kile oan ’e hals ta tichtknope en dan syn earste wide broek, dy’t er drage sil oant er fan skoalle ôf giet, in befrijing út syn fammedracht, want hy droech de earste jierren famkesklean. Hy droech in pear sokken, breide fan skieppewol en in pear rûge, wol of net ferve klompen: ferve klompen wiene in teken fan wolstân.
Yn skoalle wurdt him in plak tawiisd op de foarste bank, dêr’t seis bern op sitte kinne. Hy kriget in doaske mei letterhoutsjes. Dêr moat er it lêzen mei leare. It motto wie doe: myn learen is boartsjen en myn boartsjen is learen. Mei sokke houtsjes koene de bern letters leare en der wurden fan meitsje, mar ek in toer fan bouwe.
Yn de simmer wiene de lessen deis fan acht oant tsien oere, tolve oant twa oere en fan trijen oant healwei fiven, winterdeis fan njoggen oant alve oere en middeis fan ien oant trije oere. De heechste klassen hiene dan in jûnsskoalle dy’t om fiif oere begûn. Allinne sneontemiddeis hiene de bern frij.
De bern moasten earst op de laai goed skriuwe kinne, foardat se mei in guozzefear skriuwe mochten. Letter kaam de kroantsjepinne. De master moast yn dy tiid sunich oandwaan. As der bygelyks ien fan de beide poatsjes fan dy pinne ferbûgd wie, reparearre er dat.
By it rekkenjen waard yn dy tiid it boekje fan Hemkes brûkt. Dêr kamen ek in telramt en rekkenplankjes oan te pas.

Rekkenplankje fan Hemkes. Boarne: Onderwijsmuseum Dordrecht
By skiednis gie it koart om ’e hoeke: helden sa as Tromp en De Ruyter en Jan van Schaffelaar, dy’t fan de toer sprong en Van Speyck, dy’t leaver de loft yn fleach as dat er him oan de Spanjerts oerjoech, kamen oan bod. It gie it meast oer Nederlânske heldemoed.
Troch it breklike taalûnderwiis kamen der in soad flaters en frjemde wurden yn it ûnderlinge taalgebrûk. In dominy hearde ris in frou tsjin har bern tekeargean en frege: “Mar frou, wêr ha jo sokke ûnfoege taal leard?” It ûnferwachte andert wie: “Wêr’t ik dat leard ha, wêr’t ik dat leard ha? Dat is in jefte.”
It wenhûs fan de master wie mei in binnendoar ferbûn mei de skoalle; dan siet er bytiden yn syn wenkeamer mei de doar op in kier en koe er troch dy kier sjen wêr’t guon skarlunen yn it lokaal mei dwaande wiene. Der wiene ûnderskate straffen foar dyselden dy’t kattekwea úthellen. In lichte straf wie yn ’e hoeke stean, op it bokkebankje of op ’e gong stean, mar as ien it hielendal ferbruid hie, moast er yn it tsjustere turfhok. De swierste straf wie, as bern oer de knibbel lein waarden en dan mei de toffel klappen krigen. Famkes krigen net mei de toffel, mar moasten de hân op ’e tafel lizze en dan sloech de master of juffer der mei de smelle kant fan de liniaal op. Somtiden kniepen se de bern yn de earm en draaiden dy ek noch in slach om.
Yn alle lokalen stie in grutte izeren kachel, dêr’t turf, kooks of aaikoalen yn stookt waarden. De turfbak en de koalekit moasten, meast om bar, troch de jonges út de heechste klassen folle wurde. Der wiene ek wolris skarlunen dy’t stikem piper op de boppekant fan de kachel struiden. Dan wie de stank yn it lokaal net te hurdzjen. Wat ek wol barde wie mei de liniaal propkes papier tsjin it plafond sjitte. Dy kôgen de bern yn de mûle. Dat diene se moarns, foardat de master of juffer yn it lokaal wie. As dy propkes opdrûge wiene, foelen se fan it plafond en kamen dan mei in plofke op de flier telâne. As de master dan frege wa’t it dien hie, wie der nimmen dy’t wat sei.
As der in famke mei lange hierfrissels foar in jonge siet, wie it foar in protte net te litten en hingje in frissel yn de inketpot dy’t foar yn ’e midden fan de bank siet.
Oant 1952 wiene der acht klassen; learlingen dy’t trochlearden op bygelyks de mulo of de hbs, giene nei de sechsde klasse fan de legere skoalle ôf. Dat wiene bern fan begoedige âlden. De arbeidersbern giene fuort nei de legere skoalle oan it wurk by in boer of nei in fabryk.
De famkes waarden meast útbestege as tsjinstfaam of as boerefaam. Doe’t ik yn de 6e klasse siet, wie it it lêste jier dat der noch in 7de en in 8ste klasse wiene. Dat wie yn 1953. Ik hie der doe noch nea oer neitocht wat ik wurde woe. Ik hie ek net folle kar, de lânbouskoalle of de ambachtsskoalle. It waard de A.B.S. Timmerjen. Yn Berkeap wie it doe ek noch sa dat allinne bern fan begoedige âlden nei de mulo of de hbs giene.
Jangerben Mulder
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje