De skat by de Tolve Apostels (ferhaal)

april 3, 2023 07:15

It moat bard wêze, yn april 1913 yn Beetstersweach. Yn de pleatslike krante, it kin bêst “de Hepkema” west ha, stie boppe in artikel yn grutte koweletters it neifolgjende: OPROP ERFGENAMEN VAN TEYENS.

No, dat makket nijsgjirrich, want der hie al sa’n soad te dwaan west oer de erfenis fan Oene van Teyens.

No efterôf, yn de 21ste iuw, ha wy it ferhaal en de prosessen dy’t der fierd binne oer de neilittenskip fan it grutte fermogen fan de Van Teyens folgje kinnen. Ja, want dy hawwe der wol west. Fuort nei it stjerren fan Oene, hie de famylje Alberts (fan memmekant) it net mei de gong fan saken iens west. Se hiene harren twivels oer it stjerren fan de lêste neikommelingen fan de Van Teyens hân. It grutste diel fan it fermogen wie nei de húsdokter Tonckens gien en ja, dy hie ek wer bannen mei notaris Fockema Andrae dy’t it (twadde) testamint yn bewar hie. En letter kamen ek noch belangeferstringelingen fan hege oerheidsfunksjonarissen by de rjochtspraak oan ’e oarder. Ut it ûndersteande rymke docht wol bliken hoe’t it gewoane folk deroer tocht yn de jierren nei de dea fan Oene van Teyens op 3 desimber 1866:

Men hangt de kleine dief
De grote laat men lopen
Wie weggegrabbeld heeft
Die weet zich vrij te kopen
Wie iemands huis besteelt
Die boet men met de keel
Maar wie miljoenen rooft
Die kleedt men in fluweel

Yn it krante-artikel oangeande dy saak wie it neifolgjende te lêzen:

By it skjinmeitsjen fan de fiver en it ûnderhâld fan de slotleane yn Olterterp, dêr’t de Tolve Apostels ek steane, binne by it graven en ferwiderjen fan ien fan de bûken, ûnder de grûn in trijetal iken kisten mei izeren beslach fûn. De arbeiders ha besocht om de kisten iepen te krijen, mar dat slagge net. Dêrom ha se de offisjele ynstânsjes mar te help roppen. Under tafersjoch fan de boargemaster en de plysje binne de kisten iepenmakke en sa smoarch as de kisten fan bûten wiene, sa moai wiene se fan binnen. Doe’t de iene kiste nei de oare iepen makke waard, die bliken dat se grôtfol sulver en goud sieten. Sieraden, bekers, juwielen, ringen…, ja, wat dêr net foar moais yn siet…”

Yn de lêste kiste lei boppedat in sulveren doaske mei it wapen fan de Van Teyens (in heale Fryske earn en trije ikels) en doe’t se dat iepenmakken seagen se in giel papier yn mei offisjele stimpels en hantekeningen.

De boargemaster, de wethâlders en de hiele ried fan Opsterlân ha der by west en se wiene tige optein oer de fynst. Ien fan de mannen moat útroppen ha: “No kin Opsterlân al syn skulden betelje en hoege de ynwenners yn de earste jierren ek gjin belesting mear te beteljen as wy dit ferkeapje kinne.”

Mar sa gie it net, it pakte hiel oars út nei’t se lêzen hiene wat der op it papier stie. Dat gie lykwols net sa flot. It hânskrift wie tige ûndúdlik troch it focht. Se koene it amper lêze, dochs kamen se derút mei help fan amtners dy’t wat mear leard hiene.

It kaam hjir op del, Etta Arnolda en Oene van Teyens woene dat al it spul ferkocht waard en dat de opbringst nei de ynwenners ta gie dy’t yn Beetstersweach en Olterterp berne wiene. Dat betsjutte in tebeksetter foar de gemeente, mar ja, it wie net oars. Dochs hat dy de famyljeskiednis fan de Van Teyens noch ris yngeand bestudearje litten om der wis fan te wêzen dat it yndied sa regele wurde moast. Al rillegau kaam in amtner mei in ferslach op ’e proppen fan in rjochtsaak dy’t troch de famylje Alberts fierd wie, en dêr’t yn stie dat de keukenfaam Theodora Muhlschlegel fan de famylje Tonckens in ferklearring ôflein hie dat se op ’e lette jûn fan de twadde febrewaris 1862, in pear oeren foar de dea fan Etta Arnolda, sjoen hie dat de dokter in tal swiere kisten út it hûs fan de Van Teyens helje liet en dy’t oer in planke oer de sleat nei syn hûs brocht waarden. De koetsier Rinse Bos wie der ek by en dy hie sjoen dat se fol goud en sulver sieten.

Dat die de doar ticht foar de gemeente. Dy kisten wiene yn ’e bosk bedobbe om letter troch de dokter wer opgroeven te wurden. Miskien is er bang wurden troch al it trelit en hat er se wol of net mei help fan oare famyljes yn de bosk fan de Van Boelens begrave litten.

De gemeente hat it guod taksearje litten en de amtners ha útrekkene, dat elkenien dy’t yn Beetstersweach en Olterterp berne wie en noch libbe, ƒ 253,72 krije koe. Om dat bedrach yn ûntfangst te nimmen moasten se wol in bewiis fan harren berte-akte meinimme en dan koene se it jild ôfhelje by it Kantongerjocht yn Beetstersweach dêr’t bewekking oanwêzich wêze soe.

Erfgenamt
In âldfaam fan ryklik fyftich jier dy’t yn Oranjewâld wenne, lies dat ek, en se trille deroer. Sy wie ek berne yn Beetstersweach krekt as har nicht dy’t yn It Hearrenfean wenne. Sy wie krekt widdo wurden en har man hie in bêste betrekking by it ryk hân. Dit wie in moaie ynstruier! Dat de oare deis siet se dy moarns betiid al op ’e fyts nei It Fean ta, want har nicht lies de krante net, dy wie har no te djoer. Ja, dat ha jo wol mear mei deune minsken, ek al hawwe se it noch sa goed. Yn dy tiid koene jo noch net troch it tunneltsje dat der no is, dat se kaam wakker hymjend by har nicht oan. Se smiet de fyts tsjin de muorre en stapte yn ’e hûs, dêr’t har nicht har ferheard temjitte kaam. It wie woansdei en se soe it bêd opmeitsje, want se soe al betiid besite krije. Se seach frjemd op; har nicht kaam net sa faak by har, en alhiel sa betiid net. Soe der swierrichheid wêze? Mar se waard al gau út de dream holpen doe’t se de krante dy’t út de jasbûse kaam ûnder eagen krige. En doe’t se it stik lêzen hie, dronk se fan emoasje har glês wetter yn ien swolch leech.

“Twa hûndert en fyftich gûne! Twa hûndert en fyftich gûne!”, se raasde it hast út. Se koe dat skoan brûke, want it pensjoen dat se krige wie net sa grut. Dat ha je wol mear as it op útbeteljen oankomt, dan hawwe se it wer net goed belein of de kassier is mei de kas útnaaid nei it ien of oare waarm lân ta om it jild te fersnobjen.

Oan it bêdopmeitsjen kaam Tryntsje, sa hjitte se, net mear ta. Gau de mantel oan en op ’en paad. Wy moatte dêr fuortdaliks hinne. Dit moat ús net ûntkomme. Beide nichten setten ôf nei Beetstersweach. Se woene fuort dy twahûndert en fyftich gûne ophelje. It soe wol tige drok wêze dêr op ’e Sweach. De krante kaam yn ’e bûse en dat wie op nei De Sweach, mei it tramke dat fan It Fean oer De Gordyk nei Beetstersweach ried.

Beetstersweach
Dat koste al gau in pear gûne, mar dat moasten se der mar foaroer ha. Op ’e Sweach oankommen, stapten se by Boschlust út en rûnen se by de tramrails lâns fierder nei it gemeentehûs. It wie dêr drok. Ja dat seit himsels, der wiene mear minsken dy’t in berte-akte ha moasten. Doe’t se dan lang om let oan bar wiene, moasten se ek noch in gûne betelje en krigen se in stik papier dêr’t op stie dat se dy betelle hiene en dat se de akte de oare deis ophelje koene. Nee, se koene de akte net fuortdaliks krije, sei de klerk, dêr kinne wy net oan begjinne, wy moatte wol wurk hâlde. No ja, dat lêste sei er net hear, mar dat tochten de froulju. Soe it wol wier wêze?, frege Tryntsje har ôf. “Jawis wol”, sei har nicht, “it stiet dochs yn de krante. En wat yn ’e Bibel en yn de krante stiet is wier, sei ús pake altiten.”
“Witsto wat”, sei se, “wy geane mei dit papier en de krante nei it Kantongerjocht en litte it sjen, it is hjir by it gemeentehûs dochs mar in sleauwe boel.”

Yn de fierte seagen se oan de lofter kant it gebou al stean, mar dêr wie ek in plysje dy’t krekt ien deryn brocht. No, dat siet dus wol goed, tochten de fammen. Derhinne!

De knikkerts dy’t no foar it gebou lizze, wiene der doe noch net, dat se koene der samar yn rinne. In man yn in unifoarm mei it gemeentewapen op ’e jas hold harren tsjin en frege tige freonlik wêr’t hja foar kamen. Dat woe der earst net al te bêst út, mar al gau sei Tryntsje dat se om de 250 gûne kamen. De man lake wat fyntsjes en die oft er fan neat wist en sei: “Mei ik it papier ris sjen, dêr’t op stiet dat jo der rjocht op ha?”

Se hellen it fodsje papier dêr’t se ien gûne foar betelle hiene út ’e bûse. “Nee”, sei de man, “ik moat it grutte stik sjen dêr’t op stiet dat jimme rjocht ha op dy twa hûndert en fyftich gûne.” Tryntsje sei tsjin har nicht: “Toe ju, dat papier hasto yn ’e bûse.” De boade pakte de krante en Tryntsje wiisde it mei triljende finger oan. “Dêr stiet it”, sei se, “sjogge jo wol?”

De man lake, en tearde de krante om en frege: “Hawwe de dames wol nei de datum sjoen?” Se seagen, en dêr stie: …ien April…

Weromreis
De beide froulju giene wer nei hûs ta. De weromreis fielde langer, mar dy wie fansels krekt sa lang as de hinnereis. It sin fan de beide froulju wie der net better op wurden. Dit grapke hie grou jild koste.

De berte-akten wiene wol betelle, mar waarden nea ophelle. Se lizze noch altyd op it Befolkingsregister op de twa froulju te wachtsjen en, as it personiel se net weismiten hat, dan lizze se no yn it standerke tusken de folderkes.

Nei dy tiid kamen de nichten net sa faak mear byinoar, krekt as earder, en as se in jierdei fierden, waard yn de famylje net mear oer de skat fan de Van Teyens praat.

Mar is it wol wier dat de skat net fûn is? Hat de gemeente dy faaks dochs oan jild makke? Of leit dy miskien bedobbe yn de bosken fan Beetstersweach? Miskien wol by de Wite of Swarte Mar! Men kin it nea witte.

© Henk F. Hansma, De Himrik.

april 3, 2023 07:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.