De ‘Fiif Maaie Rede’ troch Geert Mak yn Doarpstsjerke Huzum
Resint ferskynd
Alle jierren wurdt yn ’e Doarpstsjerke Huzum troch in promininte Nederlanner de Fiif Maaie Rede holden. Dit jier is dat troch Geert Mak. De titel fan syn lêzing is ‘De goede oorlog’.

Geert Mak (foto: ©Vincent Mentzel)
Mak waard twa kear útroppen ta Histoarikus fan it Jier, krige twa earedoktoraten en waard yn binnen- en bûtenlân ferskate kearen ûnderskieden. Syn ferskate kearen oersette boek In Europa gie de hiele wrâld oer. By de Doarpstsjerke Huzum binne se dan ek tige fereare dat dy rûnom bekende skriuwer en telefyzjemakker oan de útnûging foar de lêzing gehoar jûn hat.
Nei it skoft lit it ensemble Rossignol frijheidslieten (ek it bekende ‘Danny Boy’) hearre. Healwei it konsert sil Peter de Haan (foarsitter Doarpstsjerke) koart stilstean by in stikmannich Huzumer foarfallen yn de Twadde Wrâldoarloch.
It Ensemble Rossignol bestiet út Alice Gort-Switynk (klassyk sang/sopraan en blokfluiten) en Elly van Munster (sjitarronne en romantysk gitaar). It Ensemble Rossignol tanket syn namme oan it earste konsert dat it joech mei as tema: de firtuoaze sang fan it ‘Engels Nachtegaeltje’.
Lêzing Geert Mak en muzikaal optreden Ensemble Rossignol
Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum, Ljouwert;
Freed 5 maaie 2023 om 16.00 oere.
Hoewol’t de lêzing fergees tagonklik is, wurdt in frijwillige bydrage tige op priis steld. By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).
Mear ynformaasje is te finen op: www.dorpskerkhuizum.nl en www.facebook.com/dorpskerkhuizum.

Doarpstsjerke Huzum (foto: Jan de Vries)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje