Chriet Titulaer yn ‘Andere Tijden’ op 22 april

april 14, 2023 08:21 Fernijd

Hoe waard fyftich jier lyn nei de takomst sjoen? Nei 2020, 2030, nei no. Alle (húshâldlike) apparaten soene ús in protte frije tiid opsmite, waard ornearre. Wat kaam der fan de ferwachtingen terjochte?

Chriet Titulaer (boarne: Nationaal Archief)

Andere Tijden giet werom nei it Hûs fan de Takomst, ein tachtiger jierren troch futurolooch en telefyzjepersoanlikheid Chriet Titulaer betocht en realisearre op it terrein fan Autotron-ûndernimmer Dirk Lips. Yn Titulaers Hûs fan de Takomst koene besikers alle takomstige snufkes yn gearhing sjen. De gatten dêr’t de slang fan de stofsûger yn koe (stofkontakten), “online” winkelje by Wehkamp, it iepenslaande dak boppe it bad en noch folle mear. Dirk Lips fertelt dat er dêr wolris oernachte hat: “In ûnferjitlike ûnderfining.”

Chriet Titulaer wie in markante persoanlikheid, dy’t it mei syn foarsizzingen ferrassend faak by de rjochte ein hie. Mei dochter Karen Titulaer sjocht it programma werom op de misje fan har heit: it begryplik útlizzen fan de wittenskip oan gewoane minsken.

Tige prikeljend is ek it wurk fan de ferneamde tekentwaling Rudolf en Robbert Das. De bruorren Das makken futuristyske tekeningen fan hoe’t sy mienden dat minsken yn ’e takomst libje, wenje en reizgje soene. Guon dingen dêrfan waarden ek realisearre, lykas de Heuvelwente, dêr’t de bewenners har út oertsjûging nei wenjen set ha.

Keunstner Constant Nieuwenhuijs liet him ek troch de takomst ynspirearje. En dat joech oaren ek wer ynspiraasje, lykas Tonke Dragt, dy’t guon fan har boeken nei syn ideeën modellearre.

Presintator Astrid Sy loadst de sjogger troch de takomst fan doe, dy’t ús ûnder mear foarsei dat we ûnmjitlik mear frije tiid krije soene. Dat is útkommen, mar wat dogge we mei dy tiid?

Andere Tijden is it skiednisprogramma fan de NTR, presintearre troch Astrid Sy. Yn 2023 komt de NTR wer mei alderhande ferskillende spesjale útstjoeringen fan fyftich minuten mei foarfallen út ús moderne skiednis yn in nij en faak aktueel ramt. Andere Tijden presintearret ek geregeld searjes dy’t de skiednis út in aktuele ynfalshoeke wei beljochtsje, lykas ferline jier Het Rampjaar 1672 (mei Hans Goedkoop as ferteller) en dit jier Het water komt (mei Winfried Baijens) en Van krot tot Vinex: 100 jaar wonen (mei Mariëlle Tweebeeke).

Back to the future op sneon 22 april om 20.30 oere by de NTR op NPO 2.

april 14, 2023 08:21 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.