Briefkje oer taal (61)
Resint ferskynd
Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief.
Bêste Ed,
Ferline wike fregesto my – yn in wat aparte stavering – hoe’t it mei my gie. Sa’n fraach kin men alderhande antwurden op ferwachtsje. De iene seit dat it goed of bêst mei him of har giet, in oaren seit dat it wol aardich giet of dat it wol wat skarrelet. Yn alle gefallen kin it wêze dat der fan alles oan skeelt, mar dat it net op priis steld wurdt en gean derop yn. Guon dy’t gjin jammerklacht útlokje wolle, fine dêr yn harren sûnfreegjen wat op út mei fragen as “Alles goed, tink?” Dêr kinst dan mar it bêste op reagearje mei “Ja, mei dy ek tink.”
Wa’t “It hat wolris minder west” of “It koe minder” as antwurd kriget, makket dêr faaks út op dat it net sa tige giet, mar tink derom, it kin ek samar in wize fan sizzen wêze om witte te litten dat it poerbêst giet. Doe’t in learaar ús it begryp understatement as ien fan de rykdommen fan it Frysk bybringe woe, brûkte er de reaksje fan in âlderling dy’t nei de tsjinst yn de konsistoarje de dominy komplimintearre mei: “Dominy hat wolris minder preke!” Dat sizzen soe útlein wurde kinne as dat de dominy yn syn preekjen der wat op foarútgiet, mar it wie bedoeld om te sizzen dat er it poerbêst dien hie.
Ik haw my wolris ôffrege oft dat stylferskynsel sa goed by de Friezen past omdat wy yn ús uteringen – út ûnwissens faaks – de foarsichtige kant it neist binne. It kin oan my lizze, mar ik haw de yndruk dat it mei it understatement yn it Frysk der net op foarútgiet, dêr’t ik mar mei sizze wol dat it yn it neigean is. It wol my net heuge dat ik it yn de Fryske boeken dy’t ik de lêste jierren lies, ea tsjinkommen bin. It is krekt as fersaakliket ús taalgebrûk. Wy drukke ús sa krekt mooglik út om gjin misferstannen op te roppen. Wat is dyn ûnderfining? En wat tinke de lêzers fan It Nijs derfan?
Hjir lit ik it by, want ús brieven binne altyd oan ’e lange kant, te lang miskien foar minsken yn dizze jachtige tiid.
Mei freonlike groetnis,
Jan
‘SKOALEKSAMEN FRYSK 2023
In superleuke aktiviteit foar de learlingen yn groep 8. Hoera, it giet wer oan!’ (kommisje Skoaleksamen Frysk 2023, Cedin).
Hoi Jan,
Boppesteande ‘superleuke’ útrop fan blydskip en joechei út in Cedin-berjocht oan de skoallen liket my ek tige ûnfrysk, nochal oerdreaun, slimerich, flaaierich en sjerpstrikerich. Hiel wat slimmer as in staveringsflater yn in Frysk diktee. Sa’n soarte fan ‘leukemy’ is in oerwaaide Hollânske goarre dêr’t it Frysk likegoed foar bewarre bliuwe moat. Sokke frjemdsin past ús likemin, sa liket my ta!
Jo hawwe gelyk, Leuksma.
Friezen sizze ‘aardich’ foar wat Hollanners ‘leuk’ neame. Dy fine ‘aardich’ net sterk genôch en se beseffe net dat soks no krekt mei ús understatemint gearhinget. No blykt ‘leuk’ ek al net mear sterk genôch te wêzen en sette se der ‘super’ foar. It is krekt as mei sambal: earst is in mespunt al hast te folle, mar geandewei went it sa dat in leppelfol noch net genôch is.