Briefkje oer taal (60)

april 11, 2023 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op it brief fan Jan Breimer.

Bêste Jan,

hoe chiet it mij die?
Sa wol ik myn briefke diskear begjinne, net allinnich om nei dyn sûnens te fernimmen, mar earder om dy te wizen op in moai stik yn de Ljouwerter fan 1 april. Der stie in prachtige foto by: it wie dúdlik dat Pieter Duijff de brêgeklaslearlingen mei syn ferhaal yn ’e besnijing hie. It stik wie my wol nei ’t sin; it gie om meartaligens en de betsjutting dêrfan foar taalgefoel en taalbesef.

Earst efkes oer it iepeningssintsje hjirboppe. Dat de learlingen út Swol it sintsje ‘hoe giet it mei dy’ net fuort goed op syn Frysk útsprekke, is skoan te begripen. Dêr soenen se earst wat fan it Frysk foar witte moatte. De ferslachjouwer hat syn fonetyske transkripsje út it Hollânsk wei betocht (sjoch de iepening fan dit brief). Foar ús hie ‘hoe (of leaver ) chyt it’ better west, want Hollânsktaligen sjogge (en hearre) it twalûd yn giet net. En die sprekke se ek net mei in twalûd út. Dat der útspraakferskil is tusken mij en mei is ek net foar elkenien dúdlik. Hoe giet it mei dy (Eppie Dam skriuwt leaver dij, om’t Klaaifriezen it sa útsprekke), no, mei my (neffens de Fryske stavering, ek foar dejingen dy’t mij sizze) giet it bêst. Dat is yn twa sinnen de gearfetting fan in diskusje dêr’t ik mar net fierder op yngean moat.

Werom nei it krantestik. Dat de plaknamme Zwolle (Swol) te krijen hat mei suelle, dus mei opswollene grûn, wie noch  nea yn my opkommen. De oarsaak fan dat ‘swollen’ (it wurd swolm wurdt al gau yn ferbân brocht mei in sykte) sil de rivier de IJssel (Isel) west hawwe. En dan tink ik fuort oan it noardlik part fan de provinsje Fryslân. Dêr wie de see de oarsaak. De namme It Bilt hat te krijen mei it opbillen (opslykjen) fan lân. Bilt liket in soad op belt en bult en dat sil net tafallich wêze.

Meartaligens en it yn jin omgean litten fan wurden en betsjuttingen wurkje ferrykjend; dêr meie dy learlingen út Swol harren dosint, Willem Snieder, wol tankber foar wêze.
No bin ik in bytsje ôfdwaald en moat ik nei dyn brief fan ferline wike: dy ynterferinsjegefoelige wurden. Do neamdest it foarbyld fan ergens. De prosessen dy’t it taalgebrûk, benammen wurdkar, beynfloedzje binne dreech nei te gean. It giet fansels om taalkontakt, mar ek om moadeferskynsels; it is allegearre tige kompleks. As wurden opinoar lykje, kinne se maklik yninoar oergean. Sa kin dyk feroarje yn dijk, of lieding yn leiding. Mar ergens wykt frij wat fan earne ôf, dat de oerstap fan earne op ergens fernuveret my. It soe wêze kinne dat guon Fryskpraters begrypliker wêze wolle foar Hollânsktaligen en tinke dat sa’n wurd dêrby helpt. Mar dat is in ferkearde redenaasje; dan kinst better hielendal net Frysk prate.

It moaie oan it wurd earne is foar my dat der gjin g yn sit, krekt as yn rein (regen), wein (wagen) en in hiele soad oare Fryske wurden. Dat is ien fan de ferskynsels dy’t oan it Frysk syn eigenheid jouwe. Gelokkich is de plaknamme Earnewâld offisjeel yn it Frysk fêststeld, want Ergenswoude liket nerges nei. It giet yn dy namme net om earne, mar om in earn, in rôffûgel. No haw ik de n fuort mar út nergens weilitten. Dat wie dyn suggestje, mar dêr is beswier tsjin. Ien dy’t geregeld erges en nerges skriuwt, Jaap Krol bygelyks, soe faaks tinke kinne, dat er de Fryske wjergaders fan de Hollânske wurden ergens en nergens brûkt. Mar dat is in foarm fan dialektisearring dy’t der fier by troch is. Ik hâld it op earne en nearne.

Mei freonlike groetnisse,

Ed

april 11, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.