Briefkje oer taal (59)

april 4, 2023 08:00 Fernijd

Jan Breimer reagearret op de lêste brief fan Ed Knotter.

Bêste Ed,

Do neamdest ferline wike yn it ramt fan staveringsfoarskriften dat alderaardichste boekje fan Rienk de Haan silger, Mei freonlike groetnis. Omdat dy handige skriuwwizer útferkocht is, woest dat er by de tiid brocht wurdt om him, eventueel yn digitale foarm, wer ûnder de minsken te bringen. Ik mien te witten dat de Fryske Akademy de ynhâld dêrfan ferwurket yn de digitale taalhelp Frysker.nl.

Nei oanlieding fan myn fraach fan in wike of wat lyn hoe’t it getal 23 yn letters skreaun wurdt, waard my, mei troch it kontakt dat ik mei it Taalburo fan de Fryske Akademy hie, dúdlik dat it antwurd op sokke fragen mei help fan Frysker te finen is. Dat kin soms nochal wat tiid kostje, want mei Frysker wat opsykje is wurdboeken rieplachtsje. Dy binne alfabetysk gearstald, mar fragen fan taalbrûkers sille ek gauris oer de gearhing fan ferskillende saken gean. Wol ik bygelyks witte hokker telwurden farianten hawwe en hoe’t dy binne, dan sil ik se allegearre bylâns moatte om in folslein antwurd te krijen. Foar sokke fragen binne de taaladvizen sa’t Onze Taal dy foar it Hollânsk jout probaat. Dy meitsje alderhande gearhingjende kwestjes dúdlik en jouwe der útlis by.

Yn de kwestje ‘har of harren’ (ek in moai tema foar in taaladvys!) spilet tink ik ek de ûntwikkeling mei dy’t we oeral om ús hinne waarnimme en dy’t fan alle tiden is: it moat hieltyd flugger, koarter en effisjinter. Yn taaluteringen ek. Wurden wurde ynkoarte of weilitten. Guon fine ‘harren’ âlderwetsk, miskien wol trochdat it op it Hollânske ‘hare’ liket, dat net mar brûkt wurdt (‘de vrouw en hare kinderen’). Mei haar en hare waard it ûnderskied tusken inkeld- en meartal útkomme litten. Dat soks yn it neigean rekke, brocht gjin ûndúdlikheid mei. Yn it Frysk kinne we lykwols net sa maklik fan de foarm ‘harren’ ôfstân dwaan, omdat wy de foarnamwurden ‘hun’, ‘hen’ en ‘zich’ net kenne. Ja, oeral om ús hinne hearre we dy foarnamwurden wol brûken, mar se hearre yn ús taal net thús.
It yn in kollektyf útkomme litten fan de yndividualiteit (idee fan Abe de Vries) sil neffens dy en my yn de praktyk sa dreech wurde, dat dêr better oare formulearringen foar keazen wurde kinne. Do joechst al wat mooglikheden (elts fan ús, elts fan jimme). By dy foar de tredde persoan (elts fan har, of harren) settest in fraachteken. Fansels, sokke drege kwestjes litte we graach oan taalkundigen oer, mar elk foar oar liket my dêr ek goed foar te brûken. Dat is Frysk taaleigen foar ien foar ien en foar elkenien. Iksels hâld trouwens net sa fan de fariant elts, dy’t histoarysk wol korrekt is, mar my yn it hjoeddeistich gebrûk wat te opdien is.

Yn dyn tredde alinea fregesto dy ôf hoe’t it kin dat guon wurden ynterferinsjegefoeliger binne as oare. Soe dat neffens beskate wetmjittichheden gean of fan tafallichheden ôfhingje? It binne yn alle gefallen prosessen dy’t, as se ienkear ynset binne, min tebek te kringen binne. Goed taalûnderwiis, dat ek oan ferliking fan Frysk en Hollânsk docht, kin helpe. As media en skriuwers konsekwint earne brûke, komt dat der grif wer yn. Ik freegje my trouwens wol ôf wêrom’t yn ergens (lienwurd neffens Frysker) in n skreaun wurdt. We skriuwe dochs ek jonges en net jongens?

Mei freonlike groetnis,

Jan

 

april 4, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Sytze T. Hiemstra april 5, 09:34

    Goed ferhaal, mar is it wol wis dat de ynhâld fan de skriuwwizer fan Rienk de Haan by de tiid brocht wurdt en opnommen yn Frysker.nl? Ik miende te witten dat it net koe fanwegen krapte oan jild en minskkrêft by de FA (meidieling) en de provinsje liet dêrnei it ek ôfwitte. Is der wat feroare? Fierders: […] hokker telwurden OFT farianten hawwe […]. Yn ús húshâlding brûke wy konsekwint ‘earne’, de frou en de bern witte net oars. Dat kin dus maklik …

  2. Henk april 5, 21:07

    Jan stelt de fraach oft de ynterferinsjegefoelichheid fan wurden beskate wetmjittichheden folget. Dat is sa. Der is sels aardich wat ûndersyk nei dien. Dat lit sjen dat der in skaal is foar hoe maklik oft wurden fan de iene taal yn de oare oernaam wurde. Haadwurden en tiidwurden wurde heel maklik oernaam. Dêr hoege de sprekkers de útlientaal net ienris goed foar te behearskjen.
    Foarnamwurden en útgongen steane oan de oare útein fan de skaal. Dy wurde pas oernaam wurde as in mienskiplik heel lang twatalich is en ûntliening fan sawat alle oare wurdsoarten al lang gewoan is.

    Dat it Frysk “sy” en “sij” al lang út it Nederlânsk liend hat en dat “ús moaie hûs” sa stadichoan by hast alle Frysktaligen “ús moai hûs” út it stee wrotten hat, lit sjen dat it kontakt tusken Frysk en Nederlânsk al sa lang sa yntinsyf is dat it Frysk de minst wierskynlike foarmen fan ynterferinsje hiem krigen hat.

    Wat fierder meispilet is dat it Frysk folle minder as it Nederlânsk yn alle domeinen fan it deistich bestean brûkt wurdt. Moat dat dan doch in kear, dan komme sprekkers Fryske wurden tekoart en dan sjogge se faak earst nei de fertroude wurdskat fan it Nederlânsk. Dy ferfryskje se dan neffens ferskate strategyen. Bo Sjölin hat dêr yn 1976 yn syn boek “Min Frysk” al in analyze fan jûn en nei him hat benammen Pieter Breuker der in soad oer skreaun.

    Dat giet heel ûngemurkenwei. It wurd “wetmjittichheden” dat Jan brûkt – en ik yn syn sok – is in foarbyld fan sa’n ûnopfallend Nederlânsk wurd dat in Frysk jaske oan krigen hat.

    Sawat like gefoelich foar ynterferinsje binne gearstallingen en ôfliedingen. Yn in stik op dizze site seach ik niis “beminske”, dat it Nederlânske moadewurd “bemenst” streekrjocht ferfrysket. Dat is in ferfrysking fan in Nederlânsk wurd dat ik ek allinne mar gekjeierich brûke kin en om’t ik net folle mei de polityk-korrekte moade op ha, falt it my yn it each, mar de measte Friezen ha soks net yn ‘e rekken. “Ynterferinsjegefoelich” is oars ek sa’n gefal. Oft dêr no Dútsk of Ingelsk achter stiket, dêr wol ik ôf wêze, mar it patroan “X-gevoelig” is yn it Nederlânsk navenant nij en hat yn de lêste tsientallen jierren ôfgryslik wreide. Net sa lang lyn wie “gevoelig voor X” de gewoane manier fan sizzen. Mei’t it Nederlânsk wat dat oangiet omgongen is, giet it Frysk mei en de measte Friezen ha dat helendal net yn ‘e rekken. Dat komt allegear trochdat by de wurdfoarming de grinzen tusken it Nederlânsk en it Frysk wiid iepen steane.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.