Bijetellers sjogge dit jier minder bijen en oare bestowers
Resint ferskynd
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Wichtich wurk fan Collenius werom yn Grins 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
By de Nasjonale Bijetelling binne dit jier yn trochsneed minder bijen teld as yn eardere jierren. Dat komt troch it kâlde waard, seit de organisaasje. Yn trochsneed seagen de goed 3400 tellers likernôch fyftjin bijen en oare bestowers by de telling, minder as de tweintich dy’t yn foargeande jierren teld waarden.

Foto: pixabay.com
De huningbij waard mei goed 11.000 kear it meast sjoen, folge troch de hoarnmitselbij en de reade mitselbij. Dêrnei folget de holder op in flinke efterstân. De huningbij wie wol minder faak te sjen, krekt as ferline jier. “Faaks hat it te krijen mei in hegere stjerte yn it winterskoft”, seit bije-ekspert Koos Biesmeijer fan natuerynstitút Naturalis. It wie hoe dan al ek in bysûndere telling dit jier, want de kjeld late derta dat de telling in wike langer duorre. Bijen moatte har opwaarmje om fleane te kinnen, mar dat giet troch de kjeld lestiger. Huningbijen kinne yn ’e bijekoer profitearje fan de waarmte dêr en kinne by wat legere bûtentemperatueren al fleane. En foar mitselbijen kin in bijehotel op in plak yn ’e sinne yn ’e stêd al goed útpakke. Oare bijesoarten moatte harsels opwaarmje, en litte har dêrtroch yn ’e kjeld minder sjen.
Yn Nederlân komme sa’n 360 bijesoarten foar. De helte dêrfan wurdt bedrige en stiet dêrom op ’e reade list. 34 soarten binne al ferdwûn. Mei de bijetelling wolle ferskate natuerorganisaasjes sa folle mooglik te witten komme oer de stân fan de bijen yn Nederlân. Bijen en oare bestowers binne fan grut belang foar de fiedselfoarsjenning. Se soargje foar it bestowen en foar it fuortplantsjen fan wylde planten.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje