Betinking moedich ferset sabotearre munysjetrein yn 1945 by Greonterp
Resint ferskynd
It Blauhúster 4 maaie-komitee betinkt dit jier dat it ferset op 12 april 1945 in Dútske trein by Greonterp ûntspoare en ûntploffe liet. Mar ek watfoar gefolgen dat hie foar in dêrnei ta de dea feroardiele fersetsman, dy’t dochs wer frij kaam. Dat makke doe – en noch altyd – grutte yndruk op syn húshâlding.

Boarne: Modelspoarmuseum Snits
It ferset hie de rails yn de bocht tusken Aldegea en Hieslum sabotearre. Dêrtroch kantele de swiere lokomotyf en 15 wagons mei 150 ton munysje. In pear oeren letter beskeaten Ingelske Spitfires de trein. Tsjûge: ‘Ynienen feroare de rêstige polder yn in daverjende en fjoerspuiende lânsdouwe. De eksploazjes dreunden troch de hiele Súdwesthoeke’.
Fanfare Blauhús spilet tongersdei 4 maaie ‘Crimson Tide’, in stevich stik dat de ûntploffing fan de trein symbolisearret. Nei in koarte stille tocht, binne der taspraken troch jong en âld, en wurde krânsen en blommen lein. Nei de Last Post is it twa minuten stil.
De betinking is ticht by it plak dêr’t yn 1945 it ferset de trein ûntspoare liet; by de pleats fan de famylje Brandsma yn De Ryp efter Greonterp.

Boarne: Modelspoarmuseum Snits
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje