Bernard Smilde-priis dit jier foar it Kwartettekoar
Resint ferskynd
Op de jierlikse Krúspuntdei, dy’t juster yn Akkrum holden is, waard de Bernard Smilde-priis 2023 útrikt oan it Kwartettekoar. Dat koar is yn 2006 op inisjatyf fan Hindrik van der Meer oprjochte. Him stie in koar foar eagen dat gearstald wêze soe út kwartetten (sopraan, alt, tenoar en bas) ôfkomstich út ferskillende plakken. It doel wie – en is noch altyd – it sjongen en fersprieden fan nije Fryske lieten yn de Fryske tsjerken. Wat it koar op de repetysjes learde, koe troch de pleatslike kwartetten yn de eigen tsjerklike gemeente trochjûn wurde. Troch de jierren hinne hat it koar as gehiel ek yn in protte tsjerken oan de tsjinst meiwurke. Van der Meer, dy’t sels de lieding hie, hat him in jier of wat lyn weromlutsen. Hy is opfolge troch Feike van Tuinen.
Foarhinne waard de priis útrikt oan de makker fan in nij Frysk liet. Dit jier gie it om ‘persoanen en/of organisaasjes dy’t him/har derfoar ynspand hawwe dat nije, oersette en besteande Fryske kristlike lieten en/of teksten, heard, songen en/of lêzen wurde.’ Fan de fiif nominaasjes foldie neffens it betinken fan de sjuery – Peter van der Weide, Grytsje Kinma en Tytsje Hibma – it Kwartettekoar oer alle boegen it bêste oan dy kritearia. De sjuery joecht it bestjoer fan Krúspunt yn omtinken om de wedstriid tenei net om de twa jier mar alle jierren út te skriuwen.
Stichting Krúspunt is in organisaasje dy’t him ynset foar it brûken fan de Fryske taal yn de tsjerken yn Fryslân. Alle jierren is der yn april in Krúspuntdei dy’t foar elkenien tagonklik is.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje