Arjan Hut: Net samar wat Lulle

april 28, 2023 11:00

Kollum

De Moanne frege my oft ik by de presintaasje fan Eeltsje Hettinga syn blomlêzing Te Pearde in gedicht fan him foardrage woe. Sa sûnder nei te tinken sei ik Lulle! Dat foardrachtsfers makke op my by it ferskinen yndruk. It wie yn de tiid dat ik stedsdichter fan Ljouwert wie, in ivichheid lyn. Lang hie ik it gedicht dus net lêzen. Doe’t ik it derby krige, tocht ik, hie ik mar wat maklikers útsocht! Sis mar ris sûnder mei de tonge te stroffeljen:

Witst net hoe lang ik socht om
Candy op ‘en tsjik-en-tsjekst-teken-Frysk
om kletsende fammekezen
foar ringen yn koperen bollenoazen,

hoe durk’rige kut
alle efter de hân fertelde ferhalen
        oer dommenees
bigotsjend it earsgot fan god en kelle bern
        oer húshâldsters
te skamplipwask op Rotterdamske sjipsopflessen

Allinne it wurd sjipsop is al in útdaging. It gedicht is in seksueel pipere spraakwetterfal dy’t like boartlik as fûl as geil oer in trajekt fol bochten, kûlen en hindernissen koerst, trije siden lang. Ik moast in bulte wurden opsykje, lykas ‘minetsje’. In tiidwurd ôflaat fan it Frânske wurd foar ‘jong poeske’ en it hat te krijen mei orale seks.

Masuru Emoto. Foto’s fan hoe’t wetterkristallen reagearje op wurden.

fellaasjo et Spiritu Sanktum
ferkrêfting yn ekselsius Deo

Sa siet ik twa jûnen foar de presintaasje yn de FeRstival skriuwgroep (mei njonken mysels útslutend froulju) it gedicht lûdop te oefenjen — dêrby wurden uterjend dy’t ik oars nea yn it selskip fan dames sizze doar. It gong net om de ynhâld, lulde ik, mar om it oefenjen. De fasilitêre tsjinst fan Tresoar brocht tee en kofje wylst ik stakkato “lit ús ping-pong, triviaal faginaal te potfertar / pyt wol yn it hok / te farren ûnder de brêgen troch …” opdreunde. Reedlik floeiend. Noch in bakje tee, dûmny?

pandoer my de boerefluit
lit lypje myn hichteroer
lit pypje dyn skoarstienkoer – 

De sfear waard der wol oars om. Wurden kinne in soad losmeitsje. Ik fielde my wat read wurden en it wie stil om my hinne, oant ien fan de dames frege, “Wat it minetsjen?”

“Ha, ha, beffer!”, ferstie Marrit Jellema op de Nacht fan de Filosofy, doe’t ik de spoken-wordartyst foarstelde as in BF’er (Bekende Fries). Se wie te gast yn de podcast dy’t Gabrielle Tersptra en ik dy jûn opnamen.

In oare gastsprekker wie Mounir Samuel, dy’t in oanrekommandaasje skreau foar in nije, ynklusive taal. In drokke prater, sels seit er ek wol wurden dy’t neffens syn eigen advizen oars kinne. Mar it binne gjin wetten! Hy wol ús bewust meitsje fan wat we sizze en hoe. Passe de wurden dy’t we kieze by ús wearden? 

Hettinga syn gedicht keart him oan de ein fan de tekst tsjin himsels: ‘What a fuck, / kinst wat minder lulle, ja? / wat minder prate hee?” Koartsein, hâld dy ris de bek mei dat geile praat. It is net in misdied om dy ris stil te hâlden. Net samar wat lulle, tink nei by watst seist. Kies dyn wurden soarchfâldich … as in dichter. Want:

de lape dy’tst setst
dy setst mei it setten fan dyn punt,
lul

(It folsleine gedicht Lulle stiet yn de twatalige blomlêzing Te Pearde / Te Peerde. De seleksje út it wurk fan Eeltsje Hettinga is makke troch Elske Schotanus. Sy sette de gedichten ek nei it Nederlânsk oer.)

Foto: Sina Keuning. Nei de presintaasje fan Te Pearde, f.l.n.r. Hut, Breuker, Hettinga, Schotanus.

april 28, 2023 11:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.