Arjan Hut – Fryslân as in roppich, wyld gedicht

april 14, 2023 15:19

Fryslân? Wanneer hefst’ dijsels op?
Geef dij werom an ’t water, foordat de see ôns halen komt.
En Fryslân, echt, soademiter op met dyn mienskip,
Ik foel my niet goed, fal mij niet lastig.

Gerard Marcel de Jong
Boarne: Rixt; foto: Baukje Venema

Tongersdeitejûn droech Gerard Marcel de Jong in daverjend fers foar, mei de titel Fryslân. Hy die dat yn De Gouden Leeuw, de geast fan in brún kafee dat tydlik Tresoar wer in bytsje âlderwetske Bûterhoeke makket. In stikje stêd, dêr’t neffens Piter Terpstra syn Fjouwer minsken yn in stêd ‘ferkearde huzen’ stiene. Dy roman (de earste Fryske dy’t him net op it plattelân of yn in boerefermidden ôfspile) ferskynde yn 1956, de tiid dat oan de oare kant fan de grutte puozze Beatdichters oan it wurd binne.

Fryslân, wanneer worst nou ’s barmhartig?
Wanneer doest die omkeerde flâg ôf en laatst dyn kul sien?
Fryslân werom ferdrinke dyn bibletheken
in tranen fan onferskilligens

Allen Ginsberg skreau America op 17  jannewaris, 1956. In ûnwierskynlik iepen fers, de wurden gutsten him út de terms suver, “Go fuck yourself with your atom bomb. I don’t feel good don’t bother me”. De Jong nimt Ginsberg as foarbyld, in stijloefening seit er sels, foar in publyk fan fjirtich Friezen, dy’t noch oan in bakje tee sitte.

Ik wor mislik fan dyn absurde aisen
Fan de dress-code fan pompeblêden en ksenofoby
Fan de illúzy dat wij ’t beter doen dan ‘t westen

De Beatdichters kamen op yn in tiid dat Obe Postma (de Ingelske oersetting fan syn wurk leit yn de oanbieding op in tweintich meter fan de yngong fan De Gouden Leeuw) en Rixt yn Fryslân de poëtyske mjitte sloegen. Lubbert Jan de Vries sette in soad fan harren oer foar syn bondel Eigentrieds, en rekkenet Ginsburg ûnder de ‘roppige wyldbern’. De Jong sit yn in ‘flow’. Sûnder muoite kinne we syn stream-fan-tinzen folgje.

Fryslân, ferban de blokkeerfriezen na Rottumerplaat;
Spoit in ’t plak fan bestridingsmiddels dyn fruchtbere saad over de akkers
Ontaigen de boeren die’t met Brusselse euro’s grasfalt ferbouwe

In epyske, boartlike, fûle j’accuse. De Jong lit de wurden komme sa’t se komme, en we hingje oan syn lippen. Alert as nei in ûnferwachte fluts seewetter om ’e kop. It fers slingeret fan de wrâld fan Ginsberg nei ús wrâld fan Zuckerberg. Ginsberg sette himsels del as kommunist, en dat midden yn it Amearika fan de kâlde oarloch. De Jong bekent dat er “nag nooit in een keet weest” hat en “(…) ik ken niet reedrije. Kin ’t niet, wil ’t niet, nooit wat an fonnen.” It Amearika fan Ginsberg hie de Sovjet Uny as fijân om him efter te ferskûljen, Fryslân hat De Haach as ferwytfavoryt. De Jong sjocht de oerienkomsten, en sjocht er dan faaks de humor dêrfan yn, of net? 

Fryslân, kînst d’r om gnize… ’t is om te janken.
Maar dut is al de indruk die’t ik krij at ik de Luwter lees.
En de Facebook-comments fan Sjouke, Bettie,
Auke en Hillie-leaver-dea-as-slaef1983.

De dichter freget oft it werklik sa is, wurde wy ûnderdrukt? Binne de digitale fakkels en heafoarken nedich? Mei en kin er dat wol sizze; yn dizze brûzjende milkshake fan humor, selsrefleksje, krityk, leafde, taal, kultuer, tradysje? Hy sparret himsels alfêst net. 

Want Fryslân: ik hew in de kloof staard…
’t Dúzzelde my, ik sâg inkeld mijsels.
’t Waar gyn prettig gesicht.

As ik nei ôfrin freegje oft ik oer syn Fryslân skriuwe mei, krij ik de optearde útdraai; mei oantekeningen, kanttekeningen, typflaters, stikken dy’t trochskrast binne. Te neaken om yn syn gehiel te publisearjen, de fluezen sitte der noch om. It waard berne ûnder it foardragen. Fryslân as in gedicht. It gedicht in roppich wyld bern. 

De Gouden Leeuw yn Tresoar. Boarne: City of Literature.

april 14, 2023 15:19
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Albert Schaafsma april 15, 19:33

    Spitich dat ik op it lêste momint ôfsizze moast. Hie d’r graach by west. No mei namme om dit miste, woestBildtse gedicht.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.