Anne Dykstra: Ofblaze

april 5, 2023 08:00

Kollum

Unfoech praat (22)

Trochinoar poept in minske fjirtjin kear op in dei ôf. We muffe der dus allegearre fleurich op los. Ik doar al dy sketen amper byinoar op te tellen. Hiel foarsichtich, stikem of út alle macht, elkenien docht it. Trinus, Margreeth, Piter, Geeske, Ed, Bertus, neam se mar op, allegearre litte se deis in pear fleane. By guon lju wol it jin net echt oan dat se geregeld de koark derôf ha, mar dochs is it sa. Máxima, Linda, Marielle en Caroline skite alle dagen ôf. Caroline dochs net? Ja, Caroline ek! Alle dagen blaast se har part stikstof de loft yn, wa wit sels yn ’e Keamer.

Le Petomane. Publyk domein

Guont jouwe nearne om, as dy ien dwers sit, brâne se him derút. Och, earlik is it yn alle gefallen wol. Boppedat, hurden stjonke net. Der binne ek fan dy achterbakse ôfskiters. Je fernimme der neat fan, oant der jin ynienen in suver taastbere lucht ta de noastergatten yn komt. Dat binne fan dy feninige sachte gliders dy’t je op ‘e tonge lizzen bliuwe. Dy stikeme ôfskiters ferriede har meast sels. Of se dogge krekt as rûke se neat, of se sjogge jo beskuldigjend oan. It is gelokkich net sa slim dat der in etyske kommisje oer publike ôfskiterij oer gear moat. De measte minsken hâlde dy fjirtjin sketen deis leaver privee. Mar der binne ek oaren, dy beskôgje ôfskiten as in keunst. Petomanen binne dat, dy kinne op elk stuit in skeet litte. Faak dogge se dat om minsken mei te fermeitsjen, seit Wikipedia. Petomamen manupilearje de kringspier fan de anus om sketen mei hieltyd in oar lûd it lichem ferlitte te litten. Oft se ek alle kearen oars rûke, wurdt der net by sein.

Oare wike woansdei fierder

april 5, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Klaas Groen | Grinsgefål augustus 4, 20:57

    Ferneamde sêne út De Fûke! Dêr hearde ik foar it earst fan it ôfblazen
    ås fariant op it litten fan in skeet.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.