Anne Dykstra: In skeet yn ’e moalsek

april 19, 2023 08:00 Fernijd

Kollum

Unfoech praat (24)

Dat skeet fan skite komt, sil nimmen nij dwaan. Dat in skeet net sa lang duorret, witte we allegearre út ûnderfining. Dêrfandinne dat dat we sizze dat eat yn in skeet (en in sucht) bart of dien wurdt, as it hiel fluch en faak ek sûnder in soad muoite giet. Wa’t it gau slim hat en mei alle skytwysjewasjes nei de dokter ta fljocht, rint it risiko dat de lju fan him sizze hy sil wol wer in skeet dwers foar de kont ha. Der binne ek guont dy’t fan it lytste probleemke in grutte kwestje meitsje, dy meitsje fan in skeet in tongerslach. Yn ’e polityk naait it der op ’t heden in skeet út, it giet der om wei, al klinke al dy proefballontsjes by neier ynsjen meast as in skeet yn ’e moalsek. It stelt neat foar en men heart der noait wer wat fan.

In ferâldere wurd foar skeet is furt (mei in stomme r). Furt is ek hiel gaadlik foar politike roppers en razers. It beart as in furt op in bonge (in blaas), wol sizze ‘het is veel geschreeuw en weinig wol’. Sokken Litte Politike Furten.

Hitler wie ‘winderig’ lies ik earne, en hy friet dêr safolle pillen foar dat er in groanyske strychnine-fergiftiging oprûn. Hie er doe noch mar in pear ekstra piltsjes nommen. Noait witten dat Hitler dêr lêst fan hie. Ik wist sa gau nammers ek net hoe’t soks yn it Frysk hjitte. Blastich kaam ik op, mar dat is it net hielendal. It hat wol mei gasfoarming te krijen, mar it betsjut mear dat de bealch jo der hielendal troch opset. In opblaasd gefoel hat men dan.

Yn it Nederlânsk-Frysk wurdboek fûn ik roazich en bros(livich), my beide ûnbekend. Oer de eftergrûn fan dy wurden haw ik yn it WFT net folle fûn. Bros kin yn alle gefallen net mei broos of bros oerset wurde, safolle bin ik yn it WFT wol gewaar wurden. Neffens datselde WFT hat roazich yn ’e betsjutting winderig yn it Nederlânsk in ekwifalint yn rozig. Myn grutte Van Dale jout dat lykwols net.

Iten kin ek roazich wêze. Sipels, bygelyks, dat is sok roazich iten. Dat de gefolgen noch slimmer wêze kinne as in pear swietrokige sketen, jout in twadde betsjutting fan broslivich yn it WFT moai wer: loslijvig, te gemakkelijke stoelgang hebbend.

Oare wike woansdei fierder

april 19, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.