Anne Dykstra: Hertstocht

april 26, 2023 08:00 Fernijd

Kollum

Unfoech praat (25)

Foarof:
Henk Wolf levere in moaie oanfolling op de Fryske wurden foar ‘winderig’: ‘sketerich’, ‘wynderich’, ‘winderich’ en ‘muff(er)ich’. By dat lêste hâlde se har stil as se derút komme, wit Henk. Yn it WFT kaam er noch it byldzjende ‘wiidearzich’ tsjin.

Hertstocht

Wimer, de haadpersoan út Goaitsen Burgy syn boek Biritsen fjûr (1942), hat hunich oan ’e kul. Alle froulju kin er krije, mar net ien foldocht him. Slimmer noch, “as se him jûn ha it heechste wat in frou te jaan hat, dan kin er se net mear ferneare”. Ja, Burgy moast der yn 1942 fansels danich om hinne draaie.

Fierderop wurdt it dochs noch efkes suver realistysk. “Neat wurdt der mear sein. De natoer nimt syn rjochten yn alle folsleinens. It kraaljende reade bloed lit him net langer betwinge … Heechop slacht de lôge fan de hertstocht en ferskroeit mei syn gloede alle besinning …” Dy trije suggestive puntsjes binne fan Burgy sels. Dy jouwe de lêzer krekt efkes wat mear tiid om him de situaasje goed foar te stellen. Spitigernôch hie Wimer krekt foardat er de natuer syn gong gean liet, dochs de wiere noch fûn en no hat er yn ’e hite hei de boel yn ’e bulten jage. De moraal, bêste lêzer, ferset jo manhaftich tsjin ’e natuer. Moatte jo dochs belies jaan, wiis jo partner der dan op hoe moai oft de natuer wol net yninoar sit.

Net elke man is like pystich as Wimer. Dat is soms sa’n probleem dat se der mei nei dokter ta geane. Mar ja, hoe komme se der dan mei oan? No, lit my harren de helpende hân tastekke, figuerlik fansels, hin? It petear soe sa gean kinne: “Wit je wat it is, dokter? Ik ha gjin inket mear yn ’e pinne, dat ik ha der wol oan dat ik in keardel útmeitsje kin. Ik kin neat, begripe je wol? Ik bin ûnmachtich by de frou. Ja, it is klearebare ûnmacht. Ik meitsje neat mear klear. Ik soe hast sizze, at dokter it my tastiet, ik bin in drûchkloat.”

Oare wike woansdei fierder

april 26, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.