25 jier Europeesk Hânfêst

april 28, 2023 15:22

Skôging

Nederlân is ien fan de lannen dy’t it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen (Ried fan Europa) ûnderskreaun en ratifisearre hawwe. Dingtiid, it taaladvysorgaan fan de Nederlânske oerheid, hat ferline hjerst yn Ljouwert en okkerdeis yn De Haach lêzingen oer de (mooglike) rjochtskrêft fan it Europeesk Hânfêst holden.

Yn De Pompeblêden fan oktober 1996 skreau Alex Riemersma (stêfmeiwurker fan it doetiidske Berie foar it Frysk) oer it nije Europeeske Hânfêst: “In Hânfêst is in ynternasjonaal ferdrach, dat troch nasjonale wetjouwing yn elts lân apart (d.w.s. yn de lid-steaten dy’t it Hânfêst ûndertekenje en ratifisearje) krêft fan wet kriget.”

It Hânfêst is yn Fryslân posityf ûntfongen. Nei safolle jierren fan taalstriid en efterstelling soe it tenei in wetlik ramt biede foar foarsjennings dêr’t in minderheidstaal op syn minst rjocht op hat. It belang fan it Hânfêst leit him yn:
– de ynternasjonale kontrôle,
– de ferliking fan belied fan steatsnasjonale regearen
– en de mooglike oantrún foar it belied op nasjonaal, provinsjaal en gemeentlik nivo.
Ynearsten betsjutte dy ynternasjonale juridyske basis in befêstiging fan it besteande belied fan it Nederlânsk regear. Periodyk beoardielet in kommisje fan eksperts fan de Ried fan Europa yn hoefier’t it ferantwurdlike regear him hâldt oan de ûnderskreaune beliedsbepalings. Oant no ta binne der seis rapportaazjes útbrocht, dêr’t it Nederlânske regear yn oproppen wurdt om better ta te sjen op útfiering en neilibjen fan dy bepalings.[1]

Neist it kodifisearjen fan besteand belied wie der ek de winsk om it kar-menu fan bepalings út te wreidzjen. Liedend wie it berikken fan in posysje fan lykweardichheid en lykberjochtiging fan it Frysk oan it Hollânsk (‘Nederlandse taal’). Sa krige it Hânfêst ek in programmatysk karakter.

Yn de ôfrûne 25 jier binne amper (wetlike) stappen op steatsnasjonaal nivo set om it Frysk yn eigen taalgebiet dy status te jaan. Wol is de kwantiteit en kwaliteit fan it taalgebrûk fierder ûnder druk kommen te stean troch migraasje en de bern (learlingen) yn Fryslân al sa jong mooglik mei it Hollânsk te konfrontearjen sûnder rekken te hâlden mei de taalûntjouwing yn it Frysk. De ûnderwiiswetten WPO en WVO hawwe gjin ferbettering brocht (skoallen krigen de regy yn de útfiering fan it ferplichte ûnderwiis yn it Frysk) en yn de Fryske taalwet fan 2014 is útfiering ôfhinklik makke fan de meiwurking of it ferset fan de oarstaligen yn de provinsje. Fierders hat it Frysk yn it spesjaal ûnderwiis (WEC) noch hieltiten in fakultative status.

In diskusje oer de juridyske rjochtskrêft fan it Hânfêst foar nij Frysk taalbelied kriget sa stadichoan in te frijbliuwend en abstrakt-teoretysk karakter, omdat foarbygien wurdt oan de aktuele situaasje. Net allinne de Ried fan de Fryske Beweging, mar ek Dingtiid hat yn in lêzing op 5 novimber 2022 besocht om de juridyske status fan it Hânfêst te ferhelderjen, en spruts it wer út dat it Hânfêst gjin ramtwet is om de dêryn opnommen maatregels foar it Frysk ôftwinge te kinnen.

It útstel fan Heinrich Winter by in lêzing fan Dingtiid yn De Haach op 13 april 2023 foar in Lokaal Hânfêst ropt ek de fraach op wat de rjochtskrêft dêrfan wêze kin. As it lanlike taalbelied foar it Frysk gelyk bliuwt en de regeljouwing foar de earste rykstaal net oanpast wurdt, dan sil ek in fêststeld Lokaal Hânfêst de efterstelling en ûnderdrukking fan de Fryske mienskip net trochbrekke, mar earder befêstigje en rjochtfeardigje. Lykweardichheid en lykberjochtiging fan it Frysk yn eigen taalgebiet soe ommers juridysk wer net mooglik en dus ek net winsklik wêze. It soe deagewoan net kinne.

It negearjen fan fûnemintele minskerjochten (bygelyks yn it ûnderwiis) foar it brûken fan de taal yn eigen taalgebiet kin de sintralistyske Nederlânske rjochtssteat oanrekkene wurde. As in ratifisearre Hânfêst juridysk gjin rjochtskrêft hat, dan draacht dy oerheid as demokratyske oerheid moreel wól ferantwurdlikheid foar alle ynwenners en nét allinne foar de tafallige taalmearderheid. Om in oar foarbyld te nimmen: de Sineeske oerheid stiet neffens de eigen wetjouwing (mooglik) juridysk sterk om Oeigoeren massaal op te sluten en harren identiteit út te wiskjen, mar it bliuwt hoe dan ek taalmoard en kulturele genoside. Lit de efterstelling fan de Fryske mienskip yn Nederlân dan minder gewelddiedich wêze, effektyf is dy likegoed.

Sa is it tal fan-hûs-út Frysktaligen fan 71% yn 1969 sakke nei 49% yn 2017 (FA) en as dy trend trochset en ek hieltyd flugger ferrint, dan sil om 2050 hinne de krityske grins fan it trochjaan fan ús libbene taal ûnder de 25% reitsje en dêrmei in normaal gebrûk yn eigen taalgebiet ûnmooglik wurde. De útfiering fan it provinsjale Taalplan Frysk 2030 is ôfhinklik fan de mei- of tsjinwurking fan de skoallen en troch de yn de wet opnommen ûndemokratyske draachflakkonstruksje sil it Taalplan it tij net keare kinne.

In isolearre diskusje oer de rjochtskrêft fan it (in) Hânfêst driget it sicht op de morele en dus ek politike ferantwurdlikheid fan de Nederlânske oerheid foar alle boargers te ferliezen. De resinte BBB-ferkiezingsútslach is dêr likegoed in reaksje op.

De yn it Hânfêst opnommen maatregels binne noch lang net allegearre útfierd, benammen net yn it ûnderwiis, wylst dy essinsjeel binne foar de takomst fan de twadde rykstaal. In ferliking mei de klimaatkrisis leit foar de hân: as der op juridysk mêd allinne hottefile wurdt oer wa’t wat dwaan moat oan de opwaarming fan de ierde, dan giet dat proses gewoan troch as der fierders neat of amper wat bart. Foar de takomst fan it Frysk leit dat net oars.

Op 13 april 2023 hie benammen de morele ferantwurdlikheid fan in demokratysk keazen oerheid sintraal stean moatten. Underfining mei it Europeesk Hânfêst hat yn de ôfrûne 25 jier leard dat de ryksoerheid de net-binende juridyske status fan dat dokumint as in ferlechje brûkt om foar de feitlike ferantwurdlikheid weirinne te kinnen.

drs. Th. Dykstra, Ed Knotter, drs. S.T. Hiemstra (Feriening Frysk Underwiis)

Sjoch foar de folsleine lêzingen fan de Dingtiidgearkomste yn De Haach en wat oare media dêr oer skreaune op de webside fan it taaladvysorgaan.

[1] It ekspertizerapport fan novimber 2019 jout in tal oanbefellings oer it ferheegjen fan it tal lesoeren fan en yn it Frysk yn it primêr ûnderwiis en it tal skoallen foar fuortset ûnderwiis mei Frysk yn it skoaloanbod. Boppedat noch oanbefellings foar oplieding fan learkrêften Frysk, ûnderwiis fan de Fryske skiednis en kultuer, de ûnderwiisynspeksje moat him better op it Frysk rjochtsje, it Frysk moat fersterke wurde yn sûnens- en âldereinsoarch en it brûken fan it Frysk by rjochtssaken.
april 28, 2023 15:22
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. mbc84 april 28, 15:55

    en wat hat it opsmiten? Krekt, HIELENDAL NEAT. Soad súkses hin, mei dy EU fan jim. Sa geweldich, sok ienheidstinken…

  2. S. Linkstra april 30, 08:55

    Komt it wol goed mei de skeakel/link nei ‘lêzing mei diskusje’ (art. út 2012)?

  3. Redaksje april 30, 14:22

    Nee Linkstra, dy link doogde net. Dy is no ferfongen troch trije nije trochkliks nei mear ynformaasje oer de neamde lêzingen.

  4. S. Linktra maaie 1, 07:56

    Tige tank!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.