Bywurke: Prof. dr. Arjen Versloot te gast by skriuwersbûn

april 14, 2023 09:00

Prof. dr. Arjen Versloot (boarne: Skriuwersbûn)

Meikoarten hâldt it Skriuwersbûn syn ledegearkomste. Prof. dr. Arjen Versloot is dêr te gast. Hy folge prof. Goffe Jensma op as heechlearaar by de RUG. Yn de oanrin dêrta drige de fakatuere net ynfolle te wurden. Der is tige ivere, troch it skriuwersbûn ek, foar de oanstelling fan in belutsen en saakkundich nij boechbyld foar de Frisistyk, en mei sukses. Der is wer in heechlearaar yn Grins.

Yn de LC fan 9 febrewaris stiene in pear sitaten fan Versloot:

  • “… Ik hâld fan myn fak en ik hâld fan de Fryske taal. Ik fiel my beropsmjittich ferantwurdlik om dit gat (by de RUG) op te foljen.”
  • “Wat ik sjoch is de wûnderbaarlike libbenskrêft fan it Frysk…”
  • “It bestean fan it Frysk draacht by oan it mienskipsgefoel en it wolwêzen fan de ynwenners fan de provinsje. Lit ús dat fêsthâlde en koesterje…”

Yn de ledegearkomste sil yn in fraachpetear op dy sitaten yngien wurde. Dan sil it ek gean oer de kânsen fan it Frysk as kultuertaal en de rol dy’t skriuw(st)ers, dichteressen/dichters, oersetters en Frysk skriuwende publisisten dêryn spylje. Dy beweare dat sy by útstek de minsken binne dy’t dy kultuertaal oerein hâlde. De fraach is dan ek wat de betsjutting fan de Frisistyk is foar dy bodders, dy’t har, foar it grutste part as leafdewurk, ynsette foar it skreaune Frysk. It is de bedoeling dat de leden alle romte krije om mei Versloot te redendielen.

Bywurke sneon 15 april 2023, 11.25 oere: De ledegearkomste soe ynearsten op 19 april oankommende holden wurde, mar it docht bliken dat dy deis in tal oare aktiviteiten binne dêr’t guon aktive leden fan it Skriuwersboun net mist wurde kinne. Dy leden fine it tige spitich dat se net by de gearkomste mei Arjen Versloot wêze kinne. It bestjoer hat dêrom besletten de ledegearkomste te ferpleatsen. Yn oerlis mei Versloot siket it bestjoer no in alternative datum. Sadree’t in datum fûn is, krije alle leden berjocht.

 

april 14, 2023 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.