YouTube heft blokkade âld-presidint Trump ek op

maart 19, 2023 08:41 Fernijd

De Amerikaanske âld-presidint Donald Trump wurdt net langer blokkearre op YouTube. Dêrmei kin Trump wer op alle grutte sosjalemediakanalen berjochten en fideo’s sette. Earder waard syn ferballing op platfoarmen as Facebook, Instagram, Twitter en Snapchat ek opheft.

Foto: Wikipedia/Michael Vadon – CC BY-SA 4.0

Yn jannewaris 2021 waard Trump ferballe op ûnder mear YouTube, neidat oanhingers fan Trump it Kapitoal bestoarme hiene. Dêrby foelen deaden en rekken minsken ferwûne en waard in protte skea oanrjochte. Koart foardat syn oanhingers it parlemintsgebou bestoarmen, hie Trump yn Washington in opstokeljende taspraak holden. Nei de bestoarming waard Trump ynearsten foar in wike op YouTube blokkearre, mar dy ban hat dus goed twa jier duorre.

YouTube seit dat it mei it opheffen fan Trumps blokkade kiezers in kâns jaan wol om op ’e hichte te bliuwen fan fideo’s fan presidintskandidaten. Trump hat noch gjin nije fideo’s pleatst nei’t er wer tagong krige hat. YouTube beklammet dat de beliedsregels foar it akkount, krekt as foar alle oare akkounts, jildich bliuwe.

maart 19, 2023 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.