‘Winterjûnenocht’ – literêre jûn mei Sjoerd Bottema op 15 maart
Resint ferskynd
- Stikken Pier21 wurde opfierd yn Mauritanië en Udine (It.) 0
- Coen Verbraak snein 26 maart yn petear mei keunstneres Els Timmerman 0
- Oersetwedstriid Randy Newman 0
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
- Anna Maria van Schurmanlêzing troch Annette Nobuntu Mul op 6 april 1
De grize oer de grouwe: duvelske streken – the roaring sixties
Op 15 maart lêst Sjoerd Bottema yn Ljouwert it ferhaal ‘Winterjûnenocht’ foar út de bondel De grize oer de grouwe. De wûnderbern Klaasje en Klaske, de liepe âlde skarreler Jappy Hummel en de duvelske Keimpe Jakkeles: wêr sil dat op útdraaie? In nostalgysk horrorferhaal út de fyftiger en sechtiger jierren fan de foarige iuw. Tuskentroch draait Bob de Boer muzyk út dy tiid.

Sjoerd Bottema (foto: @Bob de Boer Photography)
Sjoerd Bottema skreau romans, ferhalen en toaniel. Syn wurk is in miks fan tradysje en eksperimint, wylst ek de humor net ûntbrekt. Yn 2020 ferskynde in nije ferhalebondel: De grize oer de grouwe, ‘klassikers’ dêr’t de skriuwer syn eigen draai oan jout. Yn 2020 wûn Sjoerd Bottema in Rely Jorritsmapriis foar syn ferhaal ‘De sjongende ridder’.
“Foarfallen binne dan wol nommen út âlde boeken, mar troch de skriuwer sa nei syn hân set, dat der neat âldfrinzichs fan oerbleaun is. Sa hat de skriuwer in prachtige draai jûn oan âlde teksten en dêr – tige betûft – in nije betsjutting foar fûn.” (Doeke Sijens, Ljouwerter Krante)
“In goeie ferteller fan folksferhalen fertelt net de platte wierheid, mar in subtyl fertelde wiisheid. Bottema is sa’n ferteller” (Jaap Krol, Frysk Deiblêd)
Woansdei 15 maart 2023, oanfang 20.00 oere;
Kafee De Gouden Leeuw @ Tresoar;
Bûterhoeke 1 Ljouwert;
De yntree is fergees. Oanmelde op www.eventbrite.nl/e/tickets-winteravondgenoegens-literaire-avond-met-sjoerd-bottema-548919201107 of telefoannûmer 058 – 7890789.
It giet om in gearwurkingsprojekt tusken Tresoar, Sjoerd Bottema en húskeamerteater De Wier yn Koarnjum. Mear ynformaasje is te finen op www.tresoar.nl/bezoeken/agenda/winteravondgenoegens–literaire-avond-met-sjoerd-bottema.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje