Willem Verf, skriuwer

maart 16, 2023 19:14

Willem Verf sinjearret. Foto Pier Bergsma

As wy de mobile telefoan mei rekkenje, waard der miskien wol nea safolle lêzen as tsjintwurdich, mar it lêzen fan in boek, en benammen fan fiksje, rint al jierren tebek. Dochs waard op sneontemiddei 11 maart oan it begjin fan de lanlike boekewike yn kafee ‘De Gouden Leeuw’ de nije roman fan Willem Verf feestlik presintearre en mei reden.

Pier Bergsma

Alle dagen hat de Volkskrant ‘Een brief van de dag’. Op tiisdei 14 maart stie der in brief yn oer it tebekrinnende lêzen. Dat ynstjoerde stik gie oer pubers en oer de fraach hoe’t we dy oan it lêzen krije. De skriuwer stelt foar om lêsboeken foar pubers strang te ferbieden. Wa wit komme se der dan wol op ôf.

Der is in soad oare ferdivedaasje en minsken pakke minder gau in ‘lêsboek’ as eartiids. Doe’t ik dat krantestikje lies, kaam it my yn ’t sin dat der ferline jier in jûn belein waard yn oer de Fryske boekesituaasje. Dat bringt my by Willem Verf.

Verf: “Foar it fuortbestean fan it Frysk as skriuwtaal en kultuertaal kin it net sûnder literatuer.”

Verf is skriuwer, mar ek foarsitter fan it Skriuwersboun. Yn de maitiid fan 2022 presintearre dat bestjoer yn Tresoar it rapport fan syn Wurkgroep Honoraria. Dêr steane in mannich advizen yn “om de Fryske skriuw(st)ers te stypjen lykas minimum-tariven foar optredens en wurk yn opdracht en it effekt fan ‘Boeken fan Fryslân’ te fersterkjen troch bettere en mear promoasje foar de Fryske literatuer en troch jierliks foar in stik of wat spearpuntboeken sa royaal mooglik yn it publike domein omtinken te freegjen.”

De Ried berjochte dêroer op It Nijs: “It plan waard goed ûntfongen troch de oanwêzige minsken en organisaasjes, lykas Pier Bergsma, foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging. It bestjoer fan it Skriuwersboun sil der in ferfolch oan jaan troch – as earste – mei de Provinsje Fryslân yn petear te gean.“ Ik wol deroan taheakje, en dat haw ik ek op dy gearkomste sein, dat neffens my it grutste probleem fan de Fryske literatuer net leit by de skriuwers, want der wurdt genôch produsearre fan foldwaande, sa net hege kwaliteit. It grutste probleem, dat binne de lêzers, better sein, it brek oan lêzers.

Verf sei der wat oer yn in fraachpetear mei Ensfh yn desimber 2018: “Frysk lêzen is en bliuwt foar de measten in ûnwennige beuzichheid. De measte fan dy 40.000 Frysk-lêzers sille it litte by in stikje yn de krante of it doarpsblêd. Der binne fansels gjin hurde gegevens oer dit soarte fan saken. Hoefolle regelmjittige lêzers fan Fryske fiksje soene der wêze? Op basis fan eigen waarnimming doch ik in rûzing: in fjirde part fan de minsken dy’t Frysk lêze kinne, maksimaal 10.000 minsken, binne op dit stuit ynteressearre yn (of te ynteressearjen foar) Fryske fiksje. Dy minsken hawwe fansels net allegearre deselde smaak en foarkar. Wolle wy de Fryske lêzers bine oan it Fryske boek, dan sil der ferskaat wêze moatte, en regelmjittich oanbod. As ús dat slagget, komme der miskien ek wer nije lêzers by.”

Hawar, der wiene op sneontemiddei 11 maart krap fjirtich lêzers op de presintaasje fan it nije boek fan Verf ôfkommen. De gearkomste waard iepene troch Ernst Bruinsma fan útjouwerij de Afûk en hy sleat de gearkomste tige tapaslik ôf mei de oprop: “Lês, lês, lês!” Oan it nije boek fan Willem Verf sil it net lizze.

It wie in fleurige gearkomste mei twa kear in optreden fan sjonger Jaap Louwes, wylst Tet Rozendal in stikmannich lietteksten út it boek foardroech. Kafee ‘De gouden Leeuw’ de útstallingsromte fan Tresoar, is in gaadlik plak foar literêre aktiviteiten lykas dizze. Sa’t no liket sil dit ‘kafee’ mar koart bestean, allinne dit jier.

It earste eksimplaar oanbean oan in lêzer

Foto Pier Bergsma

It earste eksimplaar waard oanbean oan frou Tine Heidstra-Verf: “Alde dames hâlde de literatuer oerein“ – út De Westereen. Yn it ‘wurdsje foarôf’ fan syn nije boek leit Verf út, wêrom krekt oan har. Ik sitearje:
“Yn 2013 ferskynde myn earste tendinsroman: Bûtenman en bûtenfrou. Dy wie rillegau útferkocht en mei’t myn doetiidske útjouwer De Friese Pers yn swier waar kaam en fallyt gie, is der gjin twadde printinge fan kommen. Bûtenman en Bûtenfrou hat in iepen ein. Ferskate lêzers trunen my oan om in ferfolch te skriuwen. Oaren fûnen it krekt heul aardich om sels te betinken hoe’t it fierder gean soe. Guon tochten dat Emine en Einte in lokkich spantsje wurde soenen. Oaren hienen der gjin fidúsje yn. In lêzeres, sels beppe, murk op: “As it myn beppesizzer wie, soe ‘k sizze, famke, nee, net mei dizze jonge.” En dy lêzeres, dat wie frou Tine Heidstra.”

De wûndere leafde fan Emine en Einte
De Afûk: “De beide haadpersoanen út Verfs boek Bûtenman en Bûtenfrou út 2013, Emine en Einte, dy’t elkoar troffen yn Istanbûl en op ’e flecht wiene foar har ferline, binne de haadpersoanen yn dizze nije aktuele leafdesroman. Emine wit dat hy like fereale is op har as sy op him. Wêrom besiket er har dochs te ûntrinnen? Einte wrakselet mei de fraach: kin dat, mei dat, hat ien dy’t in moard ferswijt it rjocht om echt fan in oar minske te hâlden? Undertusken bringe hja bern grut, meitsje se suksesfol muzyk en wurde se meinommen troch de aktualiteit en de famyljeskiednis. Dit is it relaas fan in wûndere leafde – yn in boek dat ek prima te lêzen is foar wa’t Bûtenman & Bûtenfrou net ken.”

Troch it ferhaal hinne binne acht troch Verf skreaune lieten opnommen. Dat hat te krijen mei de haadpersoan dy’t lieder fan in soulband is.  Ik nim in pear stikjes op. Yn haadstik 54 ‘Trotzdem jung’, in Dútsk liet dat sa begjint:

“Uber die niedrigen Wellen im Meer tanzt Sonnenschein
ein trockner Wind knistert die Blätter, die Bäume sind klein”

Efteryn de oersetting:

“Weachjes op de see fan Marmara, oantippe fan de sinneskyn
troch blêden fan lytse beammen risselet de drûge wyn.”

Net allinne dy lieten, mar ek it nijsgjirrige ferhaal binne reden genôch om dizze nije Verf oan te tugen!

Willem Verf, De wûndere leafde fan Emine en Einte
paperback útjûn troch de Afûk 344 siden; € 26,50

Willem Verf (Snits 1949). Mei syn oplieding foar sosjaal en kultureel wurk wie er it lêste part fan syn wurksume libben direkteur fan it Ljouwerter wolwêzenswurk en bleau dat oant syn pensjoen yn 2011. Hy debutearre yn 1982 mei de roman It bliuwt pielen. Yn 1984 krige er de Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân foar syn ferhalebondel In delgeande tiid. Mei de roman Tiid fan libjen hie er trije jier letter in protte sukses. Fierder hat Verf noch skreaun: It swijen net wurdich (2008), en It sinfol bestean (2017).

maart 16, 2023 19:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.