WikiThon yn Monaghan, Ierlân
Resint ferskynd
WikiWomen is in gearwurkingsprojekt fan Fryslân, Ierlân en Baskelân, om mear froulju op de ferskillende Wikipedia’s te krijen. Learlingen fan vwo5 fan it Drachtster Lyseum hawwe oan nije biografyen oer Fryske froulju wurke. Op it stuit is yn Monaghan yn Ierlân de WikiThon, in útwikseling tusken learlingen en dosinten út alle trije taalgebieten.

Foto: Stephan Berger
It projekt waard troch de pilotskoallen útfierd op Searje 36, dé digitale metoade foar it fak Frysk. De úteinlike biografyen komme op Wikipedy sels. Foar it skriuwen fan in biografy sochten de learlingen in Fryske frou út, dêr’t op syn minst trije boarnen oer te finen binne, om dêr in Wikipedyside oer te meitsjen. De seis biografyen dy’t makke binne, geane oer Hetty Janssen, Michelle Samba, Catharina Rebecca Woesthoven, Marijn Kuipers, Betty Jansen en Hanneke Frankema.
Dat foarwurk is meinommen nei Monaghan ta, om mei dielnimmers út Baskelân en Ierlân út te wikseljen wat se leard hawwe, wat der dreech wie oan it dwaan fan research nei harren froulju en te hearren wa’t de oaren útsocht hawwe. Sa leare se net allinnich oer wichtige froulju út oare gebieten wei, mar ek oer de minderheidstalen fan de oaren. Dat resultearret yn in bulte oan nije biografyen yn trije regionale talen.
Njonken it hurde wurkjen is der fansels romte foar craig (Iersk foar wille, gesellichheid). In besite oan in pub mei live folksmuzyk, in kuiertocht troch de town en it besjen fan in Ierske film steane dêrfoar op it programma.
Takom jier sille learlingen fan Havotop yn Burgum meiwurkje en op útwikseling nei Baskelân ta. Dêrnei komt it projekt beskikber foar alle brûkers fan Searje 36. WikiWomen wurdt út Fryslân wei stipe troch Afûk, Cedin, LearningHub Friesland en Mercator (Fryske Akademy).
Inkelde reaksjes
Niamh en Mollie, learlingen Coláiste Oiriall: “Wy fine it hiel moai om as earste de gastskoalle te wêzen en de Friezen en Basken ûntfange te meien. It projekt is al sa’n skoft yn ’e maak dat it hiel exciting is om no byinoar te wêzen. Wat wy net ferwachten is dat de Fryske learlingen sa goed yn Ingelsk binne. Us humor komt aardich mei-inoar oerien. Wy sjogge út nei in produktive en gesellige rest fan de wike.”
Mike, learling Drachtster Lyseum: “Ik fyn it moai om mei learlingen út in oar lân te wurkjen. Skoalle is hjir, yn Ierlân, wis wol strang. Se hawwe bygelyks unifoarms en in telefoanferbod. Oan de oare kant binne se freonlik en hiene wy it fan dei 1 ôf hiel moai mei inoar. Ik fyn it hiel weardefol om te sjen hoe’t oaren echt foar harren eigen taal stean kinne.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje