Wike fol popkultuer fan Fryske boaiem

maart 28, 2023 08:31

De Friese Lente is de wike fan de Fryske popkultuer. Fan 3 o/m 9 april is op ferskate lokaasjes yn de provinsje te sjen wat de Fryske popkultuer te bieden hat. Hast alle programma-ûnderdielen binne fergees. It festival lit sjen dat, wat popkultuer oanbelanget, Fryslân optilt fan it talint.

Kampanjebyld troch Sanne Bulthuis

By Friese Lente binne der optredens fan ûnder oaren artysten as Faske, Ginge, Moonloops, The Homesick en Queens of the Rodeo. By it festival kin men ek meidwaan oan wurkateliers, debatten en kolleezjes. It programma wurdt holden op ferskate lokaasjes yn Ljouwert, kulinêr poadium Lewinski yn Snits en poppoadium Iduna yn Drachten. Foarôfgeand oan de festivalwike wurdt ek it Friese Lente Magazine útbrocht, in tydskrift fol fraachpetearen dêr’t de Fryske popartysten en nije gearwurkingsferbannen sintraal yn steane.

Friese Lente is in gearwurkingsprojekt fan Platfoarm Kultuer Fryslân, FryslânPop, Popfabryk, Minerva Akademy foar Popkultuer, 3voor12Fryslân, Poppoadium Neushoorn, Poppoadium Iduna, Poppoadium It Bolwurk, New Noardic Wave en de Fryske Finylklup.

De Friese Lente is fan 3 o/m 9 april te besytsjen op ferskate lokaasjes yn Ljouwert, Snits en Drachten. It grutste part fan it programma is fergees.

maart 28, 2023 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.