Wall House #2 by Grins feroaret tydlik yn in ‘donkere keamer’

maart 18, 2023 10:29

Wall House #2 feroaret kommend seizoen tydlik yn in ‘donkere keamer’. De fotoútstalling Camera Obscura, fan 1 april 2023 ôf te sjen yn it wrâldferneamde ûntwerp fan arsjitekt John Hejduk oan de Hoarnsemar (Hoornsemeer) by de stêd Grins, bringt dit seizoen in oade oan dat bysûndere gebou en syn omkriten.

Wall House #2 (foto: Knelis)

Trije Grinzer fotografen reagearje mei harren benammen analoge wurk op Wall House #2 en de ynteraksje mei it gebiet dêr’t it gebou yn stiet: it gebiet fan de Hoarnsemar oan ’e râne fan Grins, mei prachtich útsjoch op it wetter. Annemarie van Buuren, Baukje Pietje Venema en Arjan Verschoor jouwe yn Camera Obscura elk har eigen fertaling fan de magy fan it plak. De útstalling is fan 1 april oant en mei 20 augustus 2023 te sjen.

Oer de fotografen
Annemarie van Buuren (Rotterdam, 1961)
It wurk fan Annemarie van Buuren (yn 2012 ôfstudearre oan de Foto-akademy yn Grins) dat yn Wall House #2 te sjen is, is ûnderdiel fan de searje One. Yn stee fan in hiërargyske trijehoek mei de minske boppeyn en alle oare wêzens dêrûnder, toant se dêryn minsken, bisten, planeten, beammen, rotsen en lânskippen yn in searje op likense hichte njonkeninoar.

Baukje Pietje Venema (Aldebiltsyl, 1974)
Foar de útstalling makke Baukje Pietje Venema in ynstallaasje dêr’t se pinhole-fotografy by brûkt om de ynteraksje tusken omjouwing en arsjitektuer te ferbyldzjen. In werjefte fan oanhâldende feroaring fan kleur en ljocht, dy’t him yn ’e rin fan de dei foardocht. Wat dogge ljochtfal en plak mei it karakter fan it gebou? Venema studearre yn 1998 ôf oan de HKU yn Utert.

Arjan Verschoor (Hilversum, 1967)
De ek oan de HKU yn Utert ôfstudearre fotograaf Arjan Verschoor boude de boppeste ferdjipping fan Wall House #2 om ta in echte camera obscura. Hy hellet sa troch in lyts gatsje it útsjoch oer de Hoarnsemar nei binnen ta. It ynfallende ljocht smyt in ôfbylding fan de bûtenwrâld ûnderstboppe op de wand oan de oare kant.

Fan april oant novimber 2023 is Wall House #2 alle wykeinen, sneons, sneins, Peaskemoandei en Pinkstermoandei fan 12.00 oant 17.00 oere wer fergees tagonklik foar publyk. Yn de Wall House-wykeinen wurde ek aktiviteiten, wurkateliers en rûnliedingen organisearre. It programma is te finen op de webside fan Wall House #2.

Oer Wall House #2
Wall House #2 is sûnder mis in nijsgjirrich objekt foar arsjitektuerleafhawwers en in poadium foar regionaal talint op it mêd fan keunst en kultuer. It waard yn 2001 boud. Sûnt 2016 is it gebou, dat eigendom fan de gemeente Grins is, yn behear by it Grinzer Museum. Der wurde ferskate útstallingen en aktiviteiten organisearre. Bûten iepeningstiden is Wall House #2 op ôfspraak te besytsjen of te hieren.

maart 18, 2023 10:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.