Waarpraatsje: Wat in waar

maart 13, 2023 19:33

De Jouwer, Parkje Ter Huivra. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Snie op freed, in hiel kreaze sneon, snie en iisrein op snein en tige myld mei in stoarm op moandei. Wat in waar! It waar bliuwt boppedat bot hinne en wer gean.

Moandeitenacht falle der in pear buien. It is noch hieltyd rûzich mei in matige oant frij krêftige, by de kust lâns krêftige oant hurde súdwestewyn. It wurdt 7 graden.

Tiisdei reint it in skoft, mar letter klearret it op en kin der in bui falle, yn ‘e middei miskien wol mei heil of wiete snie. De wyn giet nei it noardwesten en is matich oant frij krêftich, mar by de kust lâns krêftich oant hurd en by de noardlike kust lâns is der yn ‘e moarntiid kâns op swiere wynpûsten. Mei 6 graden is it in hiel stik kâlder as moandei.

De oare dagen fan dizze wike hâldt it ritige waar oan.

Jan Brinksma

maart 13, 2023 19:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.