Waarpraatsje: Tongersdei efkes wat better

maart 22, 2023 19:17

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in minne woansdei sjocht it waar der foar tongersdei in bytsje better út. It liket it grutste part fan ‘e dei drûch te bliuwen.

Woansdeitenacht falle der in pear buien. De sude- oant súdwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. Mei 9 graden wurdt it in mylde nacht.

Tongersdei skynt de sinne sa út en troch, mar yn ‘e middei is in bui net hielendal útsletten. De wyn komt út it súdwesten en is matich oant frij krêftich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar wer krêftich. De temperatuer leit tusken 10 en 13 graden.

Freed wurdt ek in mylde dei.

Jan Brinksma

maart 22, 2023 19:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.