Waarpraatsje: Tige ritich
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It waar giet op it stuit bot hinne en wer en dat bliuwt foarearst ek sa. Nei in strieminne freed mei in hiel skoft snie krije wy in kreaze sneon, mar dêrnei is it wer hiel ritich.
Sneon bliuwt it drûch en de sinne skynt geregeld. De wyn komt út it westen en is swak oant matich, by de noardlike kust lâns frij krêftich. It wurdt 5 graden.
Snein wurdt wer in skiere dei en it bliuwt ek net hielendal drûch. By in matige súdwestewyn leit de temperatuer om de 7 graden hinne.
Moandei sjocht it waar der wer min út. It sil flink reine en der stiet in hiel soad wyn út it súdwesten. Der is boppedat kâns op swiere wynpûsten. Mei in graad of 12 is it wol hiel myld.
Warskôging: Freedtejûn, freedtenacht en sneontemoarn is it op in hiel soad plakken troch snie en it befriezen fan wiete diken sjippeglêd.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje