Waarpraatsje: Oan ’e skiere kant
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Wy hiene in hiel mylde freed en it fielde suver hast in bytsje maitiid. Yn it wykein bliuwt it oan ’e mylde kant, mar wy sjogge de sinne net in soad.
Sneon soe it op guon plakken earst wat dampich wêze kinne. Letter skynt de sinne sa út en troch, mar der falle ek in pear buien, miskien wol mei heil en tonger. By in matige sudewyn leit de temperatuer tusken 12 en 15 graden.
Snein en moandei is it faak skier en it bliuwt, nei alle gedachten, net hielendal drûch. De wyn komt op beide dagen út it westen oant súdwesten en is swak oant matich. It wurdt goed 10 graden.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje