Waarpraatsje: Mylder
Resint ferskynd

Gelegenheidsoerhaal de Snoekbears oer de Rjochte Grou yn Grou.
Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in kreaze woansdei sil it fan tongersdei ôf wer wat mylder wurde, mar stabyl waar is noch net oan ‘e oarder.
Woansdeitenacht rekket de loft stadichoan berûn, mar it bliuwt it grutste part fan ‘e nacht noch drûch. De sudewyn wurdt matich, by de kust lâns frij krêftich. De temperatuer leit krekt boppe it friespunt.
Tongersdei kin it earst (wat) reine, mar yn ‘e middei wurdt it better waar en sille wy de sinne miskien ek noch wol sjen. De wyn komt út it suden en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 8 graden.
Freed en sneon is it myld.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje