Waarpraatsje: Maitiid fier fuort

maart 20, 2023 19:00

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Op maitiidsdagen hoege wy dizze wike net te rekkenjen. It is ritich en dat bliuwt it foarearst ek.

Moandeitenacht is de loft berûn en letter yn ‘e nacht set it wer op in reinen. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt 7 graden.

Tiisdei reint it earst, mar letter wurdt it drûch en in glimp fan ‘e sinne is dan net hielendal útsletten. De súdwestewyn is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 12 graden.

Op alle oare dagen fan dizze wike bliuwt it ek net drûch.

Jan Brinksma

maart 20, 2023 19:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.