Waarpraatsje: Gjin drûch wykein
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It iene gebiet mei rein jaget it oare, mar tuskentroch binne der ek kreaze mominten. It waar wurdt foarearst noch net stabyl.
Sneon falle der wer buien. De súdwestewyn is frij krêftich oant krêftich, mar by de kust lâns krêftich oant hurd mei kâns op swiere wynpûsten. It wurdt 9 graden.
Snein falt der rein en by in matige oant frij krêftige noardewyn wurdt it in graad of 8.
Moandei is der kâns op in winterske bui. De matige oant frij krêftige wyn komt út it noardwesten en it wurdt net folle waarmer mear as 7 graden.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje