Waarpraatsje: Fryslân treft it
Resint ferskynd

Moaie wolkestrjitten. Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Woansdeitenacht reinde it omraak, mar tongersdei wie it wol kreas waar. It waar foar freed sjocht der ek net sa min út.
Tongersdeitenacht kin it reine, mar letter wurdt it drûch. De súdweste- oant westewyn is frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich. It wurdt 8 graden.
Freed liket it yn Fryslân foar it grutste part drûch te bliuwen en de sinne skynt geregeld. De wyn komt út it súdwesten en is matich oant frij krêftich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich. It wurdt 12 graden.
Yn it wykein bliuwt it ritich.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje