Waarpraatsje: Bytsje wintersk
Resint ferskynd

Snits. Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei it wiete begjin klearre it tiisdei letter op en waard it noch in aardige dei. It wie wol in stik frisser as moandei. Woansdei it it wer in bytsje ‘winter’.
Tiisdeitenacht wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. De súdwestewyn is swak oant matich, mar by de noardlike kust lâns earst noch frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om it friespunt hinne.
Woansdei skynt de sinne geregeld. De wyn komt út it súdwesten oant westen en is matich, by de noardlike kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 7 graden.
Fan tongersdei ôf wurdt it wer mylder en it is faak skier.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje