Untdekking James Webb-teleskoop: eksoplaneet TRAPPIST-1b hat dochs gjin atmosfear
Resint ferskynd
In eksoplaneet op fjirtich ljochtjier ôfstân dêr’t fan tocht waard dat dy sterk op de ierde lykje koe, blykt hielendal gjin atmosfear te hawwen. Dat is de lêste kosmyske ûntdekking fan de James Webb romteteleskoop, dy’t syn spegel op de stjer TRAPPIST-1 rjochte.

Ympresje eksoplaneet TRAPPIST-1b en syn stjer (boarne: NASA, ESA, CSA, J. Olmsted STScI)
Mar leafst sân planeten waarden sa’n seis jier lyn ûntdutsen by de stjer dy’t neamd is nei de TRAPPIST-teleskoop, in projekt fan Belgyske orizjine. Mooglik mei oseanen fol wetter, jubelen astronomen yn febrewaris 2017. Op in stikmannich soe dêrtroch wolris libben ûntstien wêze kinne. Op de planeet 1b, dy’t it tichtst by is, is dat net sa wierskynlik, sa docht no bliken. De planeet hat altyd deselde kant nei syn sinne rjochte en op dy kant is it sa’n 230 graden, en der is dus ek gjin atmosfear.
Dat wie net wat guon astronomen ferwachte hiene. Planeet TRAPPIST-1b stiet wol folle tichter by syn stjer as de ierde, mar dy stjer is folle swakker as ús sinne. Guon stjerrekundigen ferwachten just in hiele tsjokke atmosfear, lykas op Fenus. Lykwols binne der noch seis eksoplaneten om de stjer hinne oer en op TRAPPIST-1d, -1e, -1f en -1g is de kâns grutter dat dêr libben is.
De ûntdekking is foaral in nije oerwinning foar de James Webb en it MIRI, in foar in part yn Nederlân ûntwikkele ynstrumint op de teleskoop. Noch nea slagge it om de termyske strieling fan in rotseftige planeet sa lyts as TRAPPIST-1b te bestudearjen. Foar safier’t dat al barde gie it om grutte Jupitereftige eksoplaneten. Ien fan de beloften fan de James Webb wie dat dy de atmosfear fan dat soarte planeten ûndersykje kinne soe, en dat is no wiermakke.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje