Unicef warskôget: miljoenen bern yn gefaar troch wetterdrigingen

maart 23, 2023 08:28

Yn tsien Afrikaanske lannen rinne 190 miljoen bern gefaar troch ferskillende soarten wetterdrigingen. Dêr warskôget bernerjochte-organisaasje Unicef foar yn in rapport. Wrâldwiid stjerre neffens Unicef alle dagen tûzen bern troch fersmoarge drinkwetter.

Foto: pixabay.com

Neffens Unicef hat hast in tredde fan de 190 miljoen bern út it rapport gjin wetter thús en twa tredde gjin sanitêre foarsjenningen. In fjirdepart fan de bern moat neffens de organisaasje syn behoefte yn de iepenloft dwaan en trije fjirdepart hat thús gjin wetter en sjippe om de hannen te waskjen. De organisaasje ûndersocht de situaasje yn Benin, Burkina Faso, Kameroen, Tsjaad, Ivoarkust, Guinee, Maly, Niger, Nigearia en Somalië. Seis fan dy lannen hawwe it ôfrûne jier te krijen hân mei in útbraak fan goalera, in sykte dy’t him fia wetter ferspraat. Yn in protte fan dy lannen is de situaasje ek ûnstabyl, sadat it foar bern noch lestiger is om oer skjin wetter en sanitêre foarsjenningente beskikken.

“It ferlies fan it libben fan in bern is ôfgryslik foar húshâldens. Mar de pine wurdt noch folle slimmer as se witte dat it net nedich west hie as oan de basisfoarsjenningen foldien west hie. In protte oare minsken kinne skjin drinkwetter, húskes en sjippe wol as gewoan beskôgje”, ljochtet Unicef Nederlân-direkteur Suzanne Laszlo ta. Unicef warskôget dat de klimaatferoaring de situaasje allinnich mar slimmer meitsje sil, troch tanimmende drûchte of just in hiel protte rein. De organisaasje pleitet foar driuwende aksjes lykas it oanlizzen fan wetterfoarsjenningen, mear klimaatfinansiering en it klimaatbestindiger meitsjen fan mienskippen.

It rapport is publisearre krekt foar in wetterkonferinsje fan de Feriene Naasjes, dy’t foar it earst yn hast fyftich jier organisearre wurdt. Nederlân organisearret dy konferinsje tegearre mei Tadzjikistan. Wrâldwiid hawwe twa miljard minsken thús gjin skjin wetter.

maart 23, 2023 08:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.