Undertekening yntinsjeferklearring Underwiisakkoart Fryslân

maart 14, 2023 08:32

Moandei ûndertekenen de bestjoerders fan ûnderwiisynstellings NHL Stenden, Firda, Aeres, Hogeschool Van Hall Larenstein, Rijksuniversiteit Groningen en de provinsje Fryslân de yntinsjeferklearring mei dêryn ôfspraken om flot ta in Underwiisakkoart Fryslân te kommen. Yn dat akkoart wurdt konkreet fêstlein hoe’t dy partijen mei-inoar de ûntwikkeling fan Fryslân fersterkje wolle.

Foto: Provinsje Fryslân

Deputearre Friso Douwstra: “Dit momint markearret de winsk fan alle ynstellings om mei-inoar, mei mear fokus, it middelber en heger berops- en wittenskiplik ûnderwiis foarm te jaan en studinten better oanslute te litten op de Fryske arbeidsmerk. De Fryske ûnderwiisynstellings witte inoar hieltyd better te finen.”

Wêrom in ûnderwiisakkoart?
De ûnderwiisynstellings NHL Stenden, Firda, Aeres, Hogeschool Van Hall Larenstein, Rijksuniversiteit Groningen en de provinsje Fryslân wolle mei-inoar opwurkje om de Fryske ekonomy te fersterkjen en yn Europa foarop te rinnen op it mêd fan sirkulariteit, ynklusiviteit en ynnovaasje. Kennis en in libben lang ûntwikkeljen foarmje dêryn in wichtige skeakel.

Om de regionale ekonomyske ûntwikkeling fuort te sterkjen prate de oanbelangjende organisaasjes mei-inoar ôf dat se konkrete resultaten berikke wolle. Hja rjochtsje harren mei-inoar op de sektoaren dy’t it fûnemint fan Fryslân foarmje.

Foto: Provinsje Fryslân

Hokker ôfspraken binne makke?
Wy sille mei-inoar oparbeidzje oan de ûntwikkeling fan de regio dêr’t it goed learen, wurkjen en wenjen is.

  • Wy wurkje oan de trochûntwikkeling fan ûnderwiis en trochrinnende learlinen op de sektoaren dy’t it fûnemint fan de Fryske mienskip foarmje.
  • Wy kreëarje mei-inoar in passend oanbod op it mêd fan in libben lang ûntwikkelje, sadat folwoeksenen yn de kearnsektoaren ek by- en omskoalle wurde kinne.
  • Wy leverje in bydrage oan in takomstbestindige arbeidsmerk troch foldwaande ynstream yn de grutste sektoaren yn de regio yn ferbining mei it MKB.
  • Op grûn fan it ramt fan sirkulariteit en ynklusiviteit wurdt wurke oan in regio dêr’t brede wolfeart sintraal yn stiet.
maart 14, 2023 08:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.