Tsead Bruinja skriuwt Boekewikegedicht 2023
Resint ferskynd
It Boekewikegedicht is dit jier skreaun troch Tsead Bruinja. Syn gedicht ‘Anders ben ik met jou’ waard freedtemoarn publisearre yn deiblêd Trouw, begelaat troch in fraachpetear mei de dichter. Bruinja hat mei syn gedicht in primeur, want it ferskynt yn sawol it Nederlânsk as it Frysk.

Tsead Bruinja (foto: Tessa Posthuma de Boer)
It gedicht jout gâns aspekten fan it wêzen wer, dy’t troch it Boekewiketema ‘Ik bin alles’ ek beljochte wurde. It wurdt fan de start fan de Boekewike ôf fia 100.000 Boomerang-kaarten ferspraat en is printe op spesjale linnen tassen dy’t boekhannels en biblioteken kado jouwe.
Direkteur stifting CPNB Eveline Aendekerk: “It Boekewiketema ‘Ik bin alles’ nûget jin út om stil te stean by wa’t men is. Mei it gedicht ‘Anders ben ik met jou’ wit Tsead Bruinja ferskillende ferzjes fan it ik in gesicht te jaan en toant er op in prachtige en pakkende wize de mearsidigens fan it yndividu yn relaasje mei de oar.”
Tsead Bruinja, (1974), in Fryske Amsterdammer, skriuwt Frysk- en Nederlânsktalige poëzij. Hy debutearre yn 2000 yn it Frysk mei De wizers yn it read en yn 2003 yn it Nederlânsk mei Dat het zo hoorde. As sechde Dichter des Vaderlands wist er mei syn krêftige poëzij mannich publyk te reitsjen en fertolke er in wichtige stim yn de maatskippij. Bruinja wit mei in earlike en ienfâldige wurdkar sawol gefoelich as skerpsinnich te wêzen en tagelyk epyk en rûgens ôf te wikseljen. Dit jier sil er diel útmeitsje fan de sjuery fan de P.C. Hooftpriis, de wichtichste literêre priis yn it Nederlânsk taalgebiet.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje