Trije spilers oan kop yn Fryslân Iepen
Resint ferskynd
Nei seis partijen yn twa dagen begjint de wurgens ta te slaan. Yn it toernoai wurde hieltyd mear flaters makke. Nei trije winsten yn ’e earste trije omgongen wûn Cor Kooistra ek syn fjirde partij tsjin de sterke Henk Haanstra, ek ta syn eigen ferrassing.

Foto: Stifting WFD
Sa gie Cor Kooistra oan kop mei syn klupgenoat en learling Jelle Wiersma. Yn de fyfde omloop moasten de klupgenoaten tsjininoar. Lykas ferwachte wurde mocht, wûn Wiersma. Yn de sechsde omgong wûn Cor Kooistra fan de Tsjechyske Petra Duskova, sadat er nei seis omgongen, mei noch twa te gean, boppe-oan stiet, mei de favoriten Jelle Wiersma en Folkert Groenveld, dy’t yn de sechsde omgong in oertsjûgjende winst op Jelle Wiersma behelle.
Foar de earste fjouwer plakken dy’t rjocht jouwe om yn de grutmastergroep spylje te meien, no freed yn it Eise Eisingaplanetarium, binne der noch acht kandidaten. By gelyk einigjen nei acht omgongen wurde der barraazjes spile. Dat it yn it Frysk damjen lestich is om alle slaggen te sjen, sawol horizontaal as diagonaal, ûnderfûn de Kameroenees Jean Marc Ndjofang. Yn de fjirde omloop moast er tsjin Rein Jan Walinga nei in moaie kombinaasje acht skiven slaan. Hy seach net hoe’t er de skiven fan it boerd nimme moast en ferlear troch tiidneed op ’e klok.
It wie in goede dei foar de Litouwer Alexej Domchef (45), dy’t syn jierdei fierde. Nei twa winsten, ûnder oare tsjin bestjoerslid Jouke Algra, wie it lykwols dien mei de kado’s en wûn Marten Walinga fan him. Der binne in protte moaie kombinaasjes yn it toernoai makke. Fan in bysûndere skjintme wie de kombinaasje dy’t de Tsjechyske Petra Duskova yn de fyfde omgong tsjin Tsjerk Wijbenga útfierde. De winst fan de Russyske Darya Tkachenko op de Jorwerter Frans Kingma wie ek opmerklik.

Foto: Stifting WFD
Omgong 4
Cor Kooistra – Henk Haanstra 1-0
Tsjerk Wijbinga – Jelle Wiersma 0-1
Taeke Kooistra – Folkert Groenveld 0-1
Ties Slagter – Petra Duskova 0,5-0,5
Jouke Algra – Willem Dijkstra 1-0
Marten Walinga – Frans Kingma 1-0
Aleksej Domchef – Darya Tkachenko 1-0
Fedde Wiersma – Dicky van der Meer 0,5-0,5
Jean Marc Ndjofang – Rein Jan Walinga 0-1
Patric Casaril – Porter Richardson 0-1
Hein de Vries – Auke Zijlstra 1-0
Sjoerd Couperus – Herbert Tulleken 1-0
Renaud Braye – Bauke Dijkstra 0-1
Piet Sikma – Leo van Dorp 1-0
Omgong 5
Jelle Wiersma – Cor Kooistra 1-0
Folkert Groenveld – Ties Slagter 1-0
Henk Haanstra – Marten Walinga 0,5-0,5
Aleksej Domchef – Jouke Algra 1-0
Petra Duskova – Tsjerk Wijbinga 1-0
Porter Richardson – Taeke Kooistra 0-1
Dicky van der Meer – Sjoerd Couperus 1-0
Rein Jan Walinga – Fedde Wiersma 1-0
Willem Dijkstra – Hein de Vries 0-1
Darija Tkachenko – Frans Kingma 1-0
Bauke Dijkstra – Jean Marc Ndjofang 1-0
Auke Zijlstra – Patric Casaril 1-0
Herbert Tulleken – Piet Sikma 1-0
Leo van Dorp – Arnaud Braye 0-1

Petra Duskova-Tsjerk Wijbinga 25. 24-20 15×24 26. 40-34 24×44 27. 27-22 21×23 28. 43-39 44×31 29. 37×28 04-09 30. 42-38
Omgong 6
Folkert Groenveld – Jelle Wiersma 1-0
Cor Kooistra – Petra Duskova 1-0
Marten Walinga – Alexej Domchef 1-0
Ties Slagter – Henk Haanstra 0-1
Hein de Vries – Rein Jan Walinga 1-0
Jouke Algra – Dicky van der Meer 0-1
Taeke Kooistra – Darija Tkatjenko 1-0
Tsjerk Wijbinga – Bauke Dijkstra 1-0
Sjoerd Couperus – Auke Zijlstra 0-1
Porter Richardson – Willem Dijkstra 0-1
Renaud Braye – Fedde Wiersma 1-0
Frans Kingma -Herbert Tulleken 1-0
Patrick Casaril – Piet Sikma 0-1
Jean Marc Ndjofang – Leo van Dorp 1-0
Stân nei seis omgongen
|
It toernoai is streekrjocht te folgjen fia: www.frisiandraughts.com/spagina/67/L/live.html.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje