TNO: ekstra belied nedich fanwegen útstjit houtkachels

maart 24, 2023 08:34

Der moat wat oan dien wurde om foar te kommen dat de oerlêst troch reek út houtkachels tanimt. Dêr warskôget it ûnôfhinklik ûndersyksynstitút TNO foar. Neffens de organisaasje duorret it te lang foardat âlde kachels ferfongen wurde troch modernere en skjinnere kachels.

Foto: pixabay.com

Ferline jier is ferlike mei 2021 de ferkeap fan hurden en kachels mei 45 persint tanommen. Fanwegen de hege enerzjyprizen binne minsken mear op stoken oergien, skriuwt TNO. Kachels foarsjoen fan in ekologysk karmerk, dy’t folle minder fynstof útstjitte, waard tritich persint mear fan ferkocht. Mar der wurde ek in protte âlde smoargere kachels twaddehânsk oanbean.

Fynstof
It ferbaarnen fan hout soarge yn 2020 foar in goed fearn fan de fynstof yn Nederlân. Dat is fjouwer kear safolle as de fynstofútstjit troch it weiferkear. TNO wiist der ek op dat de reek fan houtkachels frijkomt deunby plakken dêr’t minsken tahâlde, yn tsjinstelling ta bygelyks in hege skoarstien. De reek fan kachels kin swierrichheden mei de sûnens feroarsaakje lykas kanker, oandwaningen oan de luchtwegen of hert- en iersykten. TNO rûst dat likernôch tsien persint fan de Nederlânske befolking der lêst fan hat.

It is net te foarsizzen oft de populariteit fan it stoken fan hout trochset. De prizen fan gas en elektra binne de ôfrûne tiid wer sakke. Neffens TNO kin it lykwols hiel wol wêze dat it stoken fan hout gâns tanimt. As de oerheid mear maatregels nimt, kin de oerlêst beheind wurde. TNO hat tips foar besitters fan houtkachels om de útstjit fan fynstof te beheinen.

maart 24, 2023 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.