Tink om de simmertiid

maart 25, 2023 12:12

Dit wykein skeakelje we oer fan de wintertiid nei de simmertiid. De klok moat fannacht in oere foarút:

Troch de simmertiid is it jûns langer ljocht. De oaljekrisis fan 1973 wie de oanlieding foar de ynfiering, mei it idee dat de lampen minder lang baarne hoegden en der sadwaande enerzjy besparre waard. Mar de hjoeddeistige ledljochten binne sunich en it lette deiljocht foarmet no gauris in oantrún foar minsken om jûns noch mei de auto op ‘en paad. Dat, der soe op it heden wol ris in earslings effekt op it enerzjyferbrûk wêze kinne. Yn Nederlân is it jûns oars altyd al langer ljocht as neffens de werklike lokale tiid, sjoch hjirre.

maart 25, 2023 12:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.