Suksesfolle Fryske passy opnij yn Roomske tsjerke op It Hearrenfean

maart 6, 2023 08:58

It grutte sukses fan de Fryske passy In frjemdling yn Jeruzalem hat de organisaasje fan it Collegium Vocale Fryslân beslute litten om dit jier twa útfieringen op it programma te setten, en wol op 1 en 2 april yn de Roomske tsjerke op It Hearrenfean.

Boarne: Collegium Vocale Fryslân

Omrop Fryslân makket op 1 april in telefyzjeregistraasje, dy’t op Goedfreed, 7 april om 19.30 oere, útstjoerd wurde sil. In frjemdling yn Jeruzalem, mei as ûndertitel De passy fan in sjenner, is basearre op alle fjouwer evangeeljes en gie op 8 april 2022 yn Minnertsgea yn premjêre. Dêrnei folgen noch twa útfieringen yn de Roomske tsjerke op It Hearrenfean. De belangstelling wie sa grut dat ferskillende minsken teloarsteld wurde moasten.

De Fryske tekst is fan dichter, skriuwer Eppie Dam. Der is ek in Nederlânske oersetting beskikber. Gerben van der Veen komponearre de muzyk mei de wenstige foarmen, lykas koralen, resitativen, aria’s en koaren, mar mei bysûndere ynstrumintaasje lykas harmoanium, marimba, fluit, althobo, harp, pauken, slachwurk en strikers. Nij is de tafoeging fan it ferhaal fan de Emmaüsgongers, dêr’t de passy mei ferpleatst wurdt nei it hjir en no. Froulju komme nei foaren yn it wurk fan Dam. De kritiken wiene loovjend. Sa skreau resinsint Rudolf Nammensma fan de Ljouwerter Krante: “It resultaat is in livich libbenswurk, dêr’t it ynbannich karakter fan de muzyk prachtich gearraant mei de direkte teksten.” Resinsint Dingeman van Wijnen fan it Frysk Deiblêd: “In evangelist, dy’t yn de persoan fan Maarten Romkes werklik prachtich it ferhaal faasje joech, stilsette, oan de harker meijoech. In yndrukwekkende Kristusfiguer, songen troch rots yn de branning Ben Brunt, dy’t in protte te dwaan hie: yn dizze ferzje fan it ferhaal wjerklonken alle sân krúswurden.”

Op Omrop Fryslân en NPO2 wie, yn de searje FryslânDOK, de dokumintêre In frjemdling yn Jeruzalem, de passy fan in sjenner te sjen, dy’t yn it wykein fan 25 en 26 maart nochris útstjoerd wurdt.

1 april 20.00 oere RK-tsjerke It Hearrenfean (telefyzjeregistraasje Omrop Fryslân);
2 april 15.00 oere RK-tsjerke It Hearrenfean;
Kaarten mei betiidboekkoarting € 22,- (oant 20 febrewaris 2023);
Foarferkeap € 26,-; oan de seal € 30,-;
Fia: collegiumvocalefryslan.nl.

maart 6, 2023 08:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.