Subsydzje beskikber foar sichtber meitsjen Fryske taal

maart 3, 2023 08:23

Mei yngong fan 1 maart 2023 is de subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal wer iepen. Der is € 100.000 beskikber foar mear gebrûk fan it Frysk yn de iepenbiere romte. Gemeenten, ûndernimmers, ferieningen en stichtingen kinne gebrûk meitsje fan de subsydzje. De subsydzjeregeling is ek beskikber foar desintrale oerheden lykas FUMO, GGD, de plysje en it wetterskip. De regeling is iepen oant en mei 28 septimber 2023.

Foto: Provinsje Fryslân

Mei de subsydzjeregeling wol it provinsjebestjoer de sichtberens en it brûken fan de Fryske taal yn it iepenbiere libben en de publike romte fergrutsje. De regeling stipet it Sichtberensakkoart Frysk dat it Ryk en provinsje yn 2022 ûndertekenen.

Deputearre Sietske Poepjes: “It Frysk moat in fanselssprekkend plak krije yn it iepenbiere libben yn Fryslân. In goede sichtberens en in soad gebrûk fan de taal fersterkje de posysje fan it Frysk. As je it Frysk oeral sjogge, dan sille je it Frysk ek gauris brûke.”

De subsydzje is bedoeld foar ferskate tapassingen fan de taal. Bygelyks websiden, brosjueren, menu’s, plattegrûnen, produktbeskriuwingen en apps. Hy jildt ek foar it hearber meitsjen fan it Frysk. Bygelyks troch in Fryske audiotoer yn in museum, reklame-uteringen, podcasts of stedskuiers yn it Frysk. De subsydzje is boppedat yn te setten foar it oersetten fan in besteand (kommunikaasje)middel nei it Frysk troch in oersetburo. Streektalen en it Stedsfrysk komme ek yn oanmerking foar de subsydzje.

Sjoch foar mear ynformaasje oer de regeling op: www.fryslan.frl/fy/sichtberens-fryske-taal.

maart 3, 2023 08:23
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen maart 3, 12:27

    Stedfrysk, Biltsk en Stellingwerfsk binne net Frysk. Kinne dy ek in taast dwaan út dy sybsydzjeponge? Is dy net inkeld ornearre foar de Twadde Rykstaal? It is mar in fraach.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.