Stikken Pier21 wurde opfierd yn Mauritanië en Udine (It.)

maart 21, 2023 08:36

Trije toanielstikken fan it teäterselskip Pier21 sille meikoarten yn it bûtenlân spile wurde. It jeugdteäterstik Kanoet wurdt yn april yn Mauritanië opfierd. Wat soesto! wurdt yn it Friulysk oerset en yn Udine (Italië) troch pleatslike akteurs spile. Dêr sil de stichting sels De emigrant yn it Frysk spylje mei Friulyske boppetiteling. Yn dat stik, regissearre troch Jos Thie, spilet Freark Smink ek mei.

Freark Smink (boarne: Keunstwurk)

Kanoet wurdt yn april yn it Arabysk spile yn Mauritanië oan ’e râne fan de Sahara. It stik waard earder al yn it Dútsk oerset en oan in Deenske ferzje wurdt wurke.

It teäterselskip fierde ôfrûne tongersdei in jubileum yn De Koarnbeurs yn Frjentsjer, krekt tsien jier nei de premjêre fan De emigrant dêr. Dêr waard ek buorkundich makke dat der yn de tún fan it Prinsessehof yn Ljouwert in foarstelling komt oer de ôfskaffing fan de slavernij. Pier21 wurket dêryn gear mei de Amsterdamske groepen Untold en Volksoperahuis en skouboarch De Harmonie. Der wurdt ek in opera foar yn ’e skoalklasse taret oer in slak en alles wat yn de boaiem libbet, yn gearwurking mei operahûs Kasko út Swol en muzykteätergroep Maanlanders út Gelderlân.

Wat soesto! wûn yn 2021 de Fedde & Martha Bergsma Priis. Sjoch it berjocht fan It Nijs dêroer.

maart 21, 2023 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.