Steateferkiezingen: hoe komt it mei it Frysk?

maart 3, 2023 08:01

Boarne foto: ANP

Op 15 maart meie we nei de stimbus om foar de kommende fjouwer jier ús fertsjintwurdigers yn Provinsjale Steaten te kiezen. Underwerpen as huzebou, lânbou, natuer en ekonomy wurde yn alle provinsjes yn de partijprograms behannele. Provinsjale aksinten binne der ek, lykas yn Fryslân de Lelyline. En fansels it Frysk. De Ried fan de Fryske Beweging set him foaral yn foar de Fryske taal en hat dêr de programs op besjoen fan de santjin partijen dy’t yn Fryslân meidogge. Se wiene de ôfrûne sechstjin dagen op It Nijs te lêzen. As lêste bydrage in stikmannich konklúzjes.

Aardich wat partijen kundigje maatregels oan om de posysje fan it Frysk feilich te stellen en te fersterkjen. Mar der binne ek guon dy’t der gjin of amper wurden oan smoarch meitsje. Sân fan de santjin partijen presintearje harren programs yn it Frysk en it Hollânsk: CDA, FNP, CU, PVV, SP, PBF en BBB. GL folstiet mei in Fryske gearfetting en FvD, PvdA, VVD, D66, PvdD, 50PLUS, JA21, BVNL en AWP hawwe allinnich in Hollânske ferzje. De streektalen yn Fryslân krije omtinken by CDA, FNP, GL, D66 en PBF.

PvdA: ‘Geen taalpolitie’
Dan ynhâldlik. Yn de programs fan BVNL en AWP gjin wurd oer taal en kultuer. Foar trije lytse partijen, Partij voor de Dieren, 50PLUS en Provinciaal Belang Fryslân kin it mei ien of twa algemiene sinnen oer it belang fan it Frysk wol ta. Ta ús fernuvering en teloarstelling jildt dat lykwols ek foar twa kolleezjepartijen: de PvdA en de VVD. Foaral fan de PvdA hiene we mear ferwachte. It iepeningsferhaal fan de listlûkster is yn it Frysk, mar oer de taal sels net mear as fjouwer sinnen. ‘Wij willen geen taalpolitie, maar taalplezier.’ Gjin wurd oer Frysk op skoalle of maatregels om it Frysk te stypjen.. Foar de VVD jildt eins itselde, yn seis sinnen. Dy wol it Frysk noch wol ‘stimuleren en aanmoedigen’, mar is ‘geen voorstander van het rigide hanteren of opleggen van het Fries’.

Twa nijkommers, BBB en JA21 romje wat mear plak foar it Frysk yn mei in pear konkrete punten: better twatalich ûnderwiis (BBB) en mear foech oer it Frysk nei de provinsje (JA21). PVV en FvD lizze yn harren bydrage de klam op it belang fan in lykweardich plak fan it Frysk yn it ûnderwiis. FvD wol de ynspeksje nei de provinsje helje en de PVV freget om deselde kwaliteit fan it Frysk as it Hollânsk op skoalle en om tafersjoch dêrop.

GL en SP jouwe aardich wat omtinken oan it Frysk mei in tal konkrete maatregels. Beide partijen sprekke har út foar in kwalitatyf goed en rjochtfeardich plak foar it Frysk yn it ûnderwiis. Beide wolle ek Fryske ynstellingen as Omrop Fryslân en de Fryske Akademy stypje. Sichtberens fan it Frysk en de rol fan de provinsje dêryn binne belangryk en GL wiist noch op it belang fan Fryske (jeugd)literatuer en de beskikberens fan tolken Frysk. Dat lêste punt jildt ek foar it CDA. Dy partij wol fierder it Frysk lêzen stimulearje, in eigen ûnderwiisynspeksje en mear Frysk yn iepenbiere romten.

De FNP komt mei in apart haadstik oer taal en de streektalen. Foar de FNP is in rjochtfeardich plak foar it Frysk en de Fryske skiednis yn it ûnderwiis fan grut belang mei in eigen provinsjale ûnderwiisynspeksje dy’t kontrolearret op oanbod en útfiering. De ekonomsyke wearde fan it Frysk foar it MKB en de sichtberens foar de toeristyske sektor moatte better.

CU en D66 falle op
Partijen dy’t der posityf útspringe binne de ChristenUnie en D66. Beide romje goed twa siden fan harren programs yn foar it Frysk. Foaral it Frysk yn it ûnderwiis (fan pjut oant promovendus) kriget rom omtinken mei konkrete foarstellen. Mar ek wurdt wiisd op it belang fan it Frysk yn sektoaren as de soarch, de rjochtspraak en stipe oan Fryske ynstellingen as de Afûk, Omrop Fryslân, Tresoar en de Fryske Akademy. De CU wol it bedriuwslibben ôfhelpe fan harren skamte om it Frysk te brûken en D66 freget om mear fyzje, lef en ambysje.

Kolleezje fan DS
As we allinnich nei it Frysk sjogge, soe in kolleezje fan Deputearre Steaten mei D66, CU, FNP, GL en SP it bêste útpakke.

It dokumint mei alle partijstânpunten oer it Frysk fine jim hjir:
De partijstânpunten oer it Frysk op in rychje

 

maart 3, 2023 08:01
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. bauke maart 3, 13:11

    Wichtiger om te witten is oft guon partijen de ôfrûnne 4 jier tsjin it Frysk stimt ha. Miskien ha lêzers noch in idee fan tsjinstimmers. It ferline seit gauris mear in partijprogramma.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.