Stabat Mater fan Pergolesi op passykonsert yn Grou
Resint ferskynd

Giovanni Battista Pergolesi (ôfb. publyk domein)
Op snein 2 april organisearret de konsertkommisje fan de Sint-Pitertsjerke yn Grou in passykonsert. Dat sil jûn wurde troch in ensemble fan profesjonele musisy ûnder lieding fan de Grinzer oargelist Mannes Hofsink.
Dit jier is 2 april de lêste snein fan de passytiid: in perioade fan ynkear en besinning op wei nei Peaske. It is dan ek gjin tafal dat krekt dan it Stabat Mater útfierd wurdt. De tekst fan dy komposysje beskriuwt ynkringend it lijen fan Maria by it krús op Golgota.
De dramatyske toansetting fan dy tekst troch Giovanni Battiste Pergolesi (1710-1736) jout in geweldigen djipte oan it ferhaal en twingt de harkers om har mei Maria te identifisearjen. De tekst en de muzyk hawwe in oangripende skjintme.
Stabat Mater
“Jezus’ mem, troch smert befongen, skriemde bitter om har jonge by it krús dêr’t Hy oan hong.” Dat is de frije oersetting fan de earste strofe fan ien fan de ferneamdste midsiuwsk-Latynske gedichten oer Maria yn har fertriet om de krusige Kristus, ‘Stabat Mater Dolorosa’. Dat gedicht is nei alle gedachten om 1300 hinne skreaun troch in Fransiskaner muonts, dy’t fierder ûnbekend bleaun is.
Yn de achttjinde iuw krige de Italiaanske komponist Giovanni Battiste Pergolesi de opdracht om it Stabat Mater fan Alessandro Scarlatti, dat yn Napels altyd op Goedfreed útfierd waard, troch in nije toansetting te ferfangen. Hy levere it wurk op yn 1736, it jier dat er sels yn ’e âldens fan 26 jier stoar.
Op it konsert yn Grou wurdt foarôfgeand oan it Stabat Mater it ‘Duo yn C majeur’ foar fioele en sello fan Ludwig van Beethoven spile.
De musisy dy’t it konsert fersoargje binne: Christy Luth, sopraan, Marijke Beute, alt, Annet Verboom, fioele, Lianne van der Berg, fioele, Florian Schneidt, altfioele, Kate Harris, sello en
Mannes Hofsink, oargel.
It konsert begjint om 15.00 oere en de tagong kostet € 15,00. Klik hjir foar it bestellen fan tagongskaarten. Klik foar fragen op sintpiterconcerten@gmail.com
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje