Spektakulêre goudskat RMO wichtich puzelstik yn skiednis midsiuwsk Fryslân

maart 13, 2023 08:19

In spektakulêre fynst fan in midsiuwske goudskat is tongersdei presintearre yn it Ryksmuseum fan Aldheden yn Leien. De fynst fan gouden earhingers en munten fan West-Fryske boaiem, dy’t út de tiid komt dat dat gebiet ek ta Fryslân hearde, slút prachtich oan by de hjoeddeiske útstalling oer de midsiuwen yn Noard-Nederlân fan it Frysk Museum. De skatfynst fan Hoogwoud is no yn it Ryksmuseum fan Aldheden te sjen.

Skatfynst Hoogwoud (foto: © Archeologie West-Friesland/Fleur Schinning)

Ofbylding út it Manningahûs fan frou út East-Fryslân likernôch 1570 (boarne: Frysk Museum)

Yn de útstalling Frijheid, Fjochterij, Fagefjoer: de midsiuwen yn it Noarden yn it Frysk Museum wurde ûnder oare nije ynsjoggen oer de Fryske klaaiïng presintearre. Sa docht bliken dat der sprake is fan in Fryske klaaiïngtradysje dêr’t it dragen fan in protte goud symboal yn stiet foar it wêzen fan in frije Fries. Wat mear fermogen as ien hie, wat riker oft er him klaaide.

De bysûndere sechstjinde-iuwske tekeningen fan it Manningahûs (no yn it Frysk Museum te sjen) litte dat prachtich sjen. Men kin de sieraden fan de skatfynst fan it RMO der hast letterlik yn weromkenne. In boerinne droech in gouden boarstsieraad, wylst ealfroulju fan top oant tien behongen wiene mei safolle goud, dat guon kleanstikken rjochtop stean koene. De grutte boarstsieraden, de spannen, wiene sa omfangryk dat der, wannear’t it sieraad omdraaid waard, in kroes bier yn stean koe.

Undersyk
It ûndersyk lit sjen dat de op de ôfbylding droegen sieraden folle âlder wêze kinne. Guon komme sels út it begjin fan de trettjinde iuw en binne dus iuwen letter noch hieltyd yn gebrûk. Ferskate skatfynsten út it East-Fryske gebiet litte itselde byld sjen: se befetsje fynsten dy’t soms wol twa iuwen bestrike. Dat betsjut dat de juwielen trochsirkulearren, bygelyks as erfstik, kapitaal of geskink.

Rekonstruksje frou mei gouden earhingers Hoogwoud (foto: ©AWF/Fleur Schinning)

As men de histoaryske boarnen rieplachtet, komt men troch de tiid hinne ferskate fermeldingen fan net-Fryske auteurs tsjin dy’t it oer de Fryske rykdom hawwe. De âldste datearret sels fan om it jier tûzen hinne, de iuw dêr’t de gouden earhingers út datearje. Hoewol’t der noch mear ûndersyk nei de betsjutting fan de skatfynst dien wurde sil, lykje de West-Fryske earhingers in nij, wichtich puzelstik yn de skiednis fan midsiuwsk Fryslân te wêzen.

Earhingers
De earhingers út de West-Fryske skat binne te grut om yn ’e earen te dragen. Dat ferskynsel is ek út it Manningahúsboek bekend. Te sjen is dat froulju de earhingers net yn eargatsjes, mar oan de platekroan (pael) hingje. Dy siet mei linten, stukelbân neamd, oan de efterkant befêstige. Oan de linten hongen beltsjes en ealmetalen fersieringen.

maart 13, 2023 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.