Slagge gearkomste Obe Postma Selskip mei skriuwer Oek de Jong

maart 23, 2023 12:00

Oek de Jong (l) en Geart de Vries. Foto Pier Bergsma

It Postmaselskip like my op stjerren nei dea, mar dat pakte oars út. Sneontemiddei 18 maart waard yn Tresoar in nijsgjirrige middei organisearre mei skriuwer Oek de Jong. Geart de Vries hold in fraachpetear mei him oer it Fryske lânskip yn syn wurk.

Skôging troch Pier Bergsma

Sneintemiddei 19 novimber 2006 waard yn Koarnwert it Obe Postma Selskip oprjochte. Dêrnei folgen jierlikse stúdzjedagen en in reiske dy doarpen en plakken lâns dêr’t Postma op de ien of oare wize mei ferbûn wie. Dy reiskes wiene foar de measte leden, alteast foar my, in gesellich hichtepunt. Underweis waarden gedichten fan Postma foarlêzen troch Aly van der Mark, wylst Klaas Bruinsma silger oan ’e ein fan it reiske in selsmakke gedicht foardroech oer de reis dy’t wy krekt makke hiene. Nei in jier of tolve koe it bestjoer neat nijs mear betinke en waard op 12 desimber 2018 in ledegearkomste belein mei as foarstel om it Postmaselskip op te heffen. Der kaam lykwols in trochstart, mar ik hie der gjin fidúsje yn.

Trochstart

In pear wike lyn kaam it Postmaselskip yn it nijs mei in fyzje op it lânskip: “Nei hokker lânskip sjogge ús lytsbern in 2050? Sille sy sizze: goed dien of dochs net?” (LC, 20 maart). Ofsjoen fan dat ‘lytsbern’ (‘bernsbern’ sille se bedoele) in aardich stik. En fuort dêrnei krige ik in útnûging foar de gearkomste fan sneontemiddei 18 maart mei as bysûnder programma in fraachpetear troch Geart de Vries (âld-direkteur fan it Histoaryk sintrum Ljouwert [HCL] en earder programmamakker by Omrop Fryslân) mei skriuwer Oek de Jong.

Foarsitter Lútsen Kooistra koe in lytse tritich minsken wolkom hjitte. Yn de ledegearkomste kaam de finansjele situaasje oan ’e oarder. De provinsje draacht by oan de ynfoside fan it selskip. Der kinne minsken har oanmelde foar in lidmaatskip, € 17,50 yn it jier. It leit by neier ynsjen, yn ferbân mei de kosten, net yn de bedoeling om lykas yn it ferline mei in papieren útjefte te kommen. Dat stiet noch wol op de side.

Wat my betrouwen jout, en dat kaam nei ôfrin ek yn petearen te praat, is dat it Selskip yn de takomst it wurk fan Postma ferbine wol mei bredere en aktuele tema’s lykas lânskip en de swierrichheden dêr’t we op dat mêd mei te krijen hawwe:

(https://www.obepostma.nl/doelstelling-2)

Oek de Jong en it Fryske lânskip

Neffens Geart de Vries hat der nei Teun de Vries nea wer in Nederlânsktalige skriuwer west dy’t safolle omtinken hie foar it Fryske lânskip as Oek de Jong (1953). Dy konstatearring die er nei dat it petear begûn mei Postma’s tapaslike gedicht ‘Yn ‘e ûngetiid’ út 1910:

 út Samle Fersen (side 34); sjoch fierder: YN ’E UNGETIID

Yn it nijsgjirrige fraachpetear fertelde De Jong hoe’t er yn Dokkum op skoalle siet, him dêr net sa thúsfielde, mar nei skoaltiid mei de polsstôk de greiden yngie oan de oare kant fan de Burdaarderstrjitwei, dêr’t sy wennen. Doe’t er yn 1960 yn Goes op skoalle kaam, prate er Frysk. In taal dy’t er noch hieltyd goed ferstiet. Sadwaande dat De Vries de fragen yn dy taal stelle koe.

Oek de Jong (l) en Geart de Vries. Foto Pier Bergsma

Oer dat Fryske lânskip yn it wurk fan De Jong gie it grutste part fan it petear.

Ik haw myn ‘Querido’s letterkundige reisgids van Nederland’ út 1982 derby pakt. Oek de Jong komt ûnder mear te praat op side 50: “Voor Oek de Jong (Breda 1952) betekende, getuige zijn Opwaaiende zomerjurken (1979) een bezoek aan zijn grootouders te Drachten de mogelijkheid om van daaruit via Buitenstvallaat het Friese waterland te verkennen”. Oer dy pake fertelde de skriuwer dat er in goede fakman wie dy’t op syn meubelmakkerij úteinlik tsien man oan it wurk hie. Yn it lêste boek fan De Jong, Man zonder rijbewijs giet it op side 9 oer it Princenhofmeer dêr’t de haadpersoan syld hat.

Der kamen yn it petear tal fragminten oan bod om sjen te litten hoe’t it wurk fan de skriuwer ferbûn is mei it Fryske lânskip. Dan prate wy oer Pier en Oceaan, Hokwerda’s kind en Man zonder rijbewijs. Wy moatte ús realisearje dat it wurk autobiografysk liket, “mar it is wol fiksje, in ferhaal”. Hjirby in fragmint dat foarlêzen waard:

“Na enig zoeken wist ze het kerkje te vinden in de Noord-Friese ‘rûmte’. Daar lag het op zijn terp, verscholen tussen de bomen, uitstekend boven het weidelandschap. Het licht van de avondzon lag op de boomkruinen en het zadeldak van de robuuste toren. (…) Ze begaf zich in het beschaduwde gehucht. Bij het eerste boerenerf kwam een zwart-wit gevlekt hondje beschroomd op haar af, besnuffelde haar voeten en sprong schuw opzij toen ze het wilde aaien. Geen mens te zien. Zelfs geen stemmen in de huizen. De heg rond het kerkhof was vandaag geknipt” (Hokwerda’s kind 2002, s. 387).

It wie in slagge gearkomste. Oek de Jong wennet yn Amsterdam en hy freget him ôf yn hoefier oft de ‘Nederlânske kultuer’ noch begrepen wurdt yn grutte parten fan dy stêd. Neist in pear skôgingen oer it libben fan Postma waard de middei tapaslik ôfsluten mei it gedicht ‘Wat de dichter witte moat’ (1927):

 út Samle Fersen (s. 167); sjoch fierder: WAT DE DICHTER WITTE MOAT
(ek mei in Nederlânsktalige oersetting fan Jabik Veenbaas
yn Spiegel van de Friese poëzie, s. 124/125)

 

maart 23, 2023 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.