Henk Wolf: Sjoernaliste-Frysk en it ferfal fan de skriuwtaal – in foarbyld
Resint ferskynd
Ik krij geregeld fan kunde, mar ek fan ûnbekenden, de fraach oft ik in wurd of útdrukking út it Nederlânsk yn it Frysk oersette kin. As sokken as reden ha dat se in tekst oersette wolle, dan freegje ik almeast om wat kontekst – en geregeld krij ik dan in pear wurden, soms in sin, selden in alinea en hast noait in tekst. Alfolle moat ik noch wol twa mails stjoere foardat ik op syn minst in aardich stik tekst krij. Earlik sein jout my dat wat argewaasje, want oersetten is wat oars as pak in wurd of útdrukking út de iene taal en set der wat út in oare taal foar yn ‘t plak.
Foar myn wurk praat en skriuw ik in protte talen. Seis dêrfan moat ik wol sa skriuwe dat in oar der net al tefolle bonkjes yn fine kin. By it oersetten yn in oare taal samar wat wurden troch oaren ferfange wurket almeast net, elke taal hat syn eigen manieren fan sizzen, fan tinken, eigen regels oer wat jo wol of net fertelle, eigen regels oer hoe’t jo in tekst opbouwe. Dy fine jo net yn in learboek, dy meitsje jo jo eigen troch in soad yn dy talen te lêzen.
Sa moai as it is dat der langer in protte Frysk skreaun wurdt, sa beroerd liket it mei de kwaliteit fan de teksten yn dat Frysk. Net dat der sa faak tiidwurden omdraaid wurde, of dat ik stroffelje oer in leuk of in dik of in oar wurd dat yn de learboeken ferkettere wurdt, heden nee, it giet om de teksten as geheel, dy’t skreaun binne as wienen se oerset út it Nederlânsk wei.
Gjin staveringsflaters
Om in foarbyld te jaan woe ik samar in nijsberjocht fan Omrop Fryslân by de kop ha, dan kin ik oan elk sjen litte wat my no yn ‘e wei is. Ik haw in stik fan hjoed útsocht en dat hyt fan Opposysje Skylge net bliid mei nije wethâlder: “Dolksteek richting burgemeester”. Dy’t op ‘e titel klikt, krijt it der fuort foar.
De skriuwer fan it stik hat syn húswurk wol dien. Staveringsflaters makket er net en der steane mar in pear echte taalflaters yn – en doch bylket it artikel net as in Fryske tekst. Dy’t it skreaun hat, lêst dúdlik in protte Nederlânske kranten, mar net in soad Tamminga, Van der Velde of Riemersma – en hellet syn sjoernaliste-Frysk dus net út de skriuwtaal dêr’t it Frysk in tradysje yn hat, mar út sjoernaliste-Hollânsk.
De skuld by ien lizze
Lit ús as earste de titel ris besjen. Dêr stiet yn: “Opposysje Skylge net bliid mei nije wethâlder”. Fansels kinne jo yn it Frysk “net bliid” wêze mei it ien of oar: in bern hoecht “net bliid” te wêzen mei in nije broek, mar dat is wat oars as “net blij”, sa’t dat op ‘t heden yn polityk Nederlânsk brûkt wurdt. Dat is in saneamd understatement – der wurdt wat sterkers bedoeld as dat der sein wurdt. It is ek in ûnfreonlik understatement, it heart fits en grymspotsk. Yn in saaklike titel past soks net. Boppedat is it ûnpersoanlik: minsken kinne “bliid” wêze of “net bliid”, mar sa’n emosjonele oantsjutting fan it offisjele stânpunt fan in polityk bûn is in Nederlânsk moadeferskynsel dat yn it Frysk gjin tradysje hat. Wat soartgelikens kin men sizze oer dat “ûntefreden” yn de earste sin fan it stik.
Yn wat nijmoadrich Nederlânsk wurdt “de schuld bij iemand gelegd”, mar yn it Frysk “jout ien in oar de skuld fan it ien of oar” of hy “smyt it op ien”. Dat hie de skriuwer fan it stik oars yn de neislachwurken wol fine kinnen.
Dizenige konstruksjes
In dúdlike flater tsjin it Standerfrysk stiet yn de sin: “Ald-politika Geke Faber hat dêrop ûndersyk dien nei de fraach yn hoefier it betrouwen yn de Skylger gemeenteried noch op te knappen falt”. Dat der nei “yn hoefier” noch in bynwurd-t (“yn hoefier’t”) heart, is fansels dúdlik. Der sitte lykwols mear bonkjes yn de sin. “Betrouwen opknappe” is in eigenaardige manier fan sizzen. De Nederlânsktalige ferzje fan it stik hat “vertrouwen herstellen” en dat is ûnopfallend en gewoan, mar yn it Frysk liket de skriuwer mei it wurdboek yn ‘e hân de Nederlânske wurdgroep ferfryske te hawwen. As de sjoernalist no út de eigen taal wei tocht hie ynstee fan út it krante-Nederlânsk, en hy hie wat minder dizenich skreaun, dan hied er bygelyks fernijd dat “de fraach wie: hoe kinne wy wer yn goedens?” en dat frou Faber “om antwurden op dy fraach socht hie”.
“Dêrút folge de oanbefelling om mei syn allen en mei eksterne coaching ‘de skouders derûnder’ te setten” is in streekrjochte ferfrysking fan allegear grouwélich helpferlienerspraat. Wa’t de “oanbefelling” die, seit de skriuwer net en dat is al slim, dat ik ried mar efkes dat dat frou Faber wie, mar eins heart de sjoernalist my dat te fertellen en it net mei in ûndergeande sin te bedoekjen. Wat “de skouders derûnder sette” betsjut en wat it advys eins ynhold, bliuwt ûndúdlik, dat in goede reden is om sokke dizenige wurden te mijen, net inkeld yn it Frysk. Soe ien út it Frysk wei tinke, dan koed er bygelyks skreaun ha: “Frou Faber joech de riedsleden it advys om in coach yn te hieren dy’t der doel oer hat om rúzjes by te lizzen.”
Frou Faber
“Mei in iepen brief besochten VVD en Plaatselijk Belang dêryn stappen te setten” is ek sa’n sin fol modieus Nederlânsk jargon. “Stappen sette” kin men miskien noch ynskikke foar “wat dwaan”, mar “dêryn”? Dat sil soks as “op dat stik fan saken”, “wat dat oangiet” betsjutte. De sin slút ek net goed oan op it foarige. Yn it brief stiet ommers dat de VVD (dat lidwurd heart der yn it Frysk en wat minder modieus krante-Nederlânsk foar te stean) en Plaatselijk Belang de minste wol wêze wolle en dat se yn it belang fan it eilân om in coach freegje – en dat stie twa sinnen earder yn it stik, foardat de skriuwer oer it oanbliuwen fan de boargemaster begûn. Sa’n hinne-en-werspringerij tusken ûnderwerpen bringt de lêzer op ‘e doele.
Neffens de Omrop wurdt der yn it brief “net sprutsen oer it stik fan Faber”. Ik sil net sizze dat jo “sprekke” yn it Frysk helendal net brûke kinne as jo “skriuwe” bedoele – der binne grutte skriuwers dy’t it ek dogge, mar der sit al wat ferhevens oan dat wurd en dat is yn it sjoernaliste-Nederlânsk net sa, dat yn it Frysk moatte jo der sa rij net mei. “Faber” foar in frommeske is ek sjoernaliste-Nederlânsk, yn it Frysk is it “frou Faber” of oars “Geke Faber”.
Yn de lêste sin stiet wer in flater dy’t sa opfallend is om’t er heart by it fêste rychje dat yn learboeken behannele wurdt: “Dit ta ûnfrede fan PvdA, CDA en Samen Terschelling.” Yn it Frysk wurde, lykas yn ynformeel Nederlânsk, “dat/dy/dêr” brûkt om werom te ferwizen nei wat krekt sein is, net “dit/dizze/hjir”.
Is it wier sa slim?
Is it no slim as sjoernalisten fan dat Frysk skriuwe dat streekrjocht út it Nederlânsk wei oerset is? Men kin ommers úthâlde dat taal no ienkear feroaret en dat soks no ienris modern Frysk is. It kommentaar op in oar syn Frysk is dêr wol gauris mei te wjerlizzen, dat strykt. By it stik dat wy no by de ein ha, leit it der lykwols wat oars hinne: de skriuwer brûkt net leuk omdat er fan betinken is dat dat wurd sa stadichoan wol Frysk wurden is, mar hy skriuwt út ûnmacht sa – omdat er de Fryske literatuertaal net yn ‘e fingers hat. Sa feroaret er de Fryske skriuwtaal fan in eigen kultuertaal mei in lange tradysje yn Nederlânsk-mei-Fryske-wurden.
En dat is wol slim. Want dat it Frysk in taal is, komt troch dy literêre tradysje, troch dy literêre skriuwtaal. It Frysk is mear as in dialekt of in streektaal, it is in kultuertaal en dat komt net trochdat it sokke aparte wurden of klanken hat, mar trochdat der yn de Romantyk minsken wienen dy’t mei stiennen út de folkstaal in hûs fan literatuer boud ha. Sil dat yn ferfal reitsje – en sûnder ûnderhâld komt dat sa – dan bliuwt der fan it Frysk neat oars oer as sabeare skriuwtaal en in sprektaal, wat alle oanspraken op de monumintale beskerming troch wetten en ferdraggen yn ‘e kiif set.
Soe it besprutsen stik wol yn it Frysk skreaun wêze? Of yn it Nederlânsk en doe simpelwei troch de oersetmasine helle? Dat lêste leit fansels yn ‘e reden, mei it each op it taalgebrûk. En dat oersetark wurdt hieltyd better. Lykwols docht dêrmei dan no ek bliken dat automatisearring net allinnich in helpmiddel is foar it brûken fan it Frysk, mar likegoed in nije bedriging!
Al jierren sakket de Omrop troch it iis as it giet om it brûken fan ‘geef frysk’. Ik hoop, dat de bêste skriuwer fan dit stik net al te lange tiennen hat en leare wol/kin fan dizze ‘les’ fan Henk.
Eartiids by de Afûk moasten wy noch sa’n tweintich boeken lêze foar de diploma’s B, C en Akte. Dat hat my aardich holpen.