Simone Djurrema: Ierappels út Fryslân

maart 4, 2023 07:00

Kollum

Ik haw se alwer besteld! Setierappels!
Se kinne noch lang de grûn net yn, want se meie net befrieze. Der binne hieltyd mear minsken dy’t griente ferbouwe en ik wol net dat ik aanst te let bin en de soarten dy’t ik hawwe wol útferkocht binne. Se wurde pas levere as ik se plantsje kin. Dus dat komt wol goed.

Dêrom haw ik moai wat soarten útsocht: wat betide, wat lette en wat der tuskenyn. Wat moalige en wat stevige, en ien dy’t sels in bytsje froast hawwe kin! En dan besykje ik ek noch rekken te hâlden mei sykten en sa.

Ferline jier haw ik besocht om se op ’e grûn te goaien en dêr hea oerhinne. Dat foldie my bêst. Op dy plakken is de grûn no geskikt foar wat oars, dat no komme de ierappels op in nij plak en wurdt de grientetún dus grutter. Ik sil wol soargje dat de boel wat gauwer op gong komt, want it hea hat foardielen en neidielen: as der wol lette froast komt, befrieze de ierappels net sa gau, mar se bliuwe wol langer kâld, dat de groei komt minder gau op gong. Meikoarten lis ik blêden op ’e grûn mei dêr lânbouplestik oerhinne, sadat de grûn opwaarmje kin. As ik dan mei (hooplik in pear dagen) moai waar de ierappels derop goai en hea der oerhinne, kriget de boel hooplik in foarsprong neffens ferline jier.

De Sweden binne wat ierappels yn ’e winkel oangiet net sa hiel folle wend. Yn in lytse winkel moat men al bliid wêze as der ien soarte is yn sekken fan 2,5 oant 10 kg en de rest sit yn plestikpûdsjes fan in kilo. Ierappels hearre net yn plestik. De soarte wurdt faak net iens oanjûn. Yn grutte winkels is de kar meastal net folle grutter. De King Edward is hjir de bêst ferkochte ierappel en minsken dy’t ik ken, hawwe it bintsje ek wol neamd! Dat fyn ik fansels hiel aardich. Dan kin ik fertelle dat dy ierappel nei in learling fan in skoalmaster yn Sumar neamd is, de streek dêr’t ik wei kom! Dat elkenien yn Fryslân dy’t ik ea oer it bintsje praten heard haw, der net folle goeds oer te sizzen hie, dat is wer in oar ferhaal. Ik fyn hast alle ierappels lekker, as se mar net kliemsk en glêzich binne.

Wy kenne ek minsken dy’t asterix-ierappels kweke. Troch harren hiene wy ek in pear yn ’e tún. Dat wie yn Sweden jierrenlang de bêst ferkochte ierappel. Doe’t ik de namme foar de safolste kear hearde en foar de safolste kear tocht: dêr haw ik lang lyn noch foto’s fan ôfprinte, haw ik ris neitocht en wat dingen opsocht.

Doe’t ik begjin njoggentiger jierren myn oplieding die, rûn ik staazje by Arfo Color Technics yn Ljouwert, in fotofaklaboratoarium dêr’t noch fotorôltsjes en foto’s ûntwikkele waarden, soms meters grut! Dêr’t se nijere techniken hiene, mar ek noch in apparaat dêr’t de kleuren mei de hân by ynsteld wurde moasten. Dat wie moai wurk; dan learden je echt yn ’e praktyk hoe’t it mei kleuren wurket! Hjoed-de-dei giet dat allegearre automatysk en sûnt in lytse tweintich jier binne se der dan ek net mear.

Mar dêr giet it net om, it giet derom dat we ek in kear allegearre foto’s fan ierappels ôfprintsje moasten. Ik seach it ferskil tusken de iene en de oare net, behalve as se echt ferskillende kleuren hiene fansels. En dan al dy nammen! Ik frege my ôf hoe’t de fotograaf it allegearre folholden hie, oeren lang ierappels fotografearje! Ik stel my foar dat er in tal falle liet en dat se trochinoar rekken…

Us poes helpt mei by it roaien fan de ierappels. Eigen foto

Ien namme haw ik op ien of oare manier al dy tiid ûntholden: asterix. En no docht it bliken dat dy feredele is troch in Frysk bedriuw! HZPC op ’e Jouwer, dat dit jier 125 jier bestiet*. De asterix dy’t we hjir kweke en dy’t ik fan freonen kocht haw, haw ik hiel wat kearen troch de hannen hân, no ja, de steapels foto’s dan. En dat doe’t er miskien noch net iens op ’e merk wie. Dat is dan dochs wol aardich.

Ik seach by de HZPC ek in ras hat dat Frisia hjit, dat soe ek aardich wêze! Mar nee, as ik googelje, fyn ik se nearne te keap. Ik haw wol de Frieslander fûn. Dy binne soms yn ’e oanbieding. Wat betsjut dat? Dat se yn ‘e opslach oan it ferrotsjen binne? Ik sil sjen oft it wat is en oft ik dy noch te pakken krije kin foar dit jier. Dan krije we miskien wol Fryske ierappels yn ’e tún!

* Foar wa’t it intressearet is hjir in keppeling nei HZPC’s skiednis: https://www.hzpc.com/125-years#scroll-to-content en op dy webside is de Asterix ek te finen. En allegearre oare reade ierappels dy’t der hast gelyk útsjogge.
Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.

 

maart 4, 2023 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.