Radioprogramma ‘BertOp5’ siket Fryske goeddoggers dy’t altyd foar oaren klearsteane
Resint ferskynd
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
- Belgyske plysje fynt stellen postpakketten werom 0
- YouTube heft blokkade âld-presidint Trump ek op 0
- Anna Maria van Schurmanlêzing troch Annette Nobuntu Mul op 6 april 1
- Doede Wiersma: De rjochtfeardige wint libben op ’e dea 0
It KRO-NCRV-radioprogramma BertOp5 is dizze wike úteinset mei de ferkiezing ‘Kin ik wat foar dy dwaan?’ Presintator Bert Kranenbarg giet de kommende moannen wer op ’e siik nei goeddoggers dy’t altyd foar oaren klearsteane. Harkers út Fryslân wurde oproppen om ien op te jaan. Oan ’e ein fan it jier set de faksjuery de stille helden yn it sintsje.

Bart Kranenbarg (foto: Darren Smith/KRO-NCRV)
Nei it sukses fan 2022 is de ynskriuwing opnij iepenset en kinne harkers de kommende moannen freonen, famylje, buorlju of in kollega oanmelde om yn it programma BertOp5 yn it sintsje sette te litten. “‘Kin ik wat foar dy dwaan?’ hat ferline jier sjen litten hoe’t besiele minsken each foarinoar hawwe. Ik hoopje dat oaren dêrtroch ynspirearre reitsje om ek in leaf gebear te meitsjen. Dêrom fyn ik it hiel fijn dat we dit jier wer yn ’e kunde komme sille mei minsken dy’t ‘gewoan’ wat foar in oar dogge. En fansels stypje wy opnij ien fan de inisjativen mei in BertOp500-tsje“, seit Bert Kranenbarg.
Alle wiken wurdt in nije woldogger yn it sintsje set. Sagau’t alle inisjativen bekend binne, kinne NPO5-harkers in tomke omheech oan de ûnderskate inisjativen útdiele. De trije inisjativen mei de measte tomkes wurde útnûge yn de finale-útstjoering fan ‘Kin ik wat foar dy dwaan?’. Yn in feestlike útstjoering yn ’e hjerst kiest de faksjuery mei Bert Kranenbarg de stille held, dy’t mei in moai bedrach syn goede wurk fuortsette kin.
Goeddogger 2022: Fytskes foar Minima
Ofrûne edysje fan ‘Kin ik wat foar dy dwaan?’ waard wûn troch Jan en Lida mei Fietsjes voor Minima. Mei in ploech knappe dy fytsen op foar minsken dy’t net folle te besteegjen hawwe. Mei tanksij it inisjatyf fan BertOp5 komme der hieltyd mear oanfragen yn by dy organisaasje.
BertOp5, alle moandeis o/m tongersdeis, fan 16.00 oant 18.00 oere by KRO-NCRV op NPO Radio 5.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje